27. Utstel ta it ferlienen fan meiwur-
king oan bysûndere skoallen
neffens kêst 74 fan de Wet op
it Basisûnderwiis yn ferbân
mei de ynfiering van it fak
Ingelsk.
GEMEENTE BOARNSTERHIM
Oan de ried.
Grou, 6 juni 1986.
De bestjoeren fan de bysûndere skoallen fan Akkrum, Jirnsum, Tersoal
Wergea en Warten hawwe oanfragen yntsjinne om meiwurking foar it
oanskaffen fan de nedige learmiddels yn ferban mei de ynfiering
fan it fak Ingelsk.
Mei yngong fan 1 augustus fan dit jier sil it fak Ingelsk in ferplicht
fak wurde op de basisskoalleGuon skoallen hâlde har lykwols al
sûnt de ynfiering fan de basisskoalle dwaande mei it fak Ingelsk.
Yn it ramt fan "frije aktiviteiten"' is it mooglik dat it Ingelsk
ien oere yn'e wike op skoalle jûn wurdt.
Der stiet lykwols op dit stuit noch gjin ryksfergoeding foaroer,
sadat de kosten út it gewoane kredyt betelle wurde moatte. Dat
it fak Ingelsk earst, in jier nei't de basisskoalle ütein set is,
in ferplicht fak wurdt, hat te krijen mei it feit dat de measte
skoallen harren noch net foldwaande taret hiene op de nije matearje.
Ein 1984 waard troch in oantal ynstellings begûn mei it jaan fan
in kursus "engels in het basisonderwijs". It wie mooglik, dat foar
eltse skoalle heechút 2 learkrêften oan'e kursus meidiene. Neffens
in (lânlik) ûndersyk hat sa'n 80 persint fan de basisskoallen it
kursusprogram folge.
No't dan it Ingelsk takommend skoaljier in ferplicht ünderdiel
wurdt fan de basisskoalle-aktiviteiten is it wichtich, dat de skoallen
foar dy datum oer de nedige learmiddels beskikke kinne.
De investearringsbedragen fan it fak Ingelsk wurde troch it Ryk
fergoede oan'e gemeente foar sawol it iepenbier as it bysûnder
ûnderwiis. De hichte fan de bedraggen is lykwols noch net bekend.
Wol is troch it ministearje de 10-jierlikse fergoeding foar rinte en
ôflossing bekend makke.
Dêrom pleitsje wy - mei nei oanlieding fan it advys fan de V.N.G.
om foar de maksimaal te besteegjen ynvestearringsbedraggen foar
it fak Ingelsk, it rapport fan de kommisje Londo as rjochtline
te nimmen. Yn dat rapport binne nammentlik wol ynvestearringsbedraggen
opnommen