- 6 - fan it Projekt Minsken Sûnder Wurk wurdt ek in oare romte socht. No't dy gebrûker fan de loads net mear ree is om dy loads te keapjen fait in grut part fan de dekking fuort. Fierder kin yn de loads de plantsoene ts jinst mei it part fan Raard ûnderbrocht wurde en sa't sprekster dat dan besjocht is de loads fan de wentebouferiening oer. It 'scholings project' komt ek net yn dizze gemeente en dêrtroch fait in mooglike ynfolling fan de loads fan de wentebouferiening fuort. Mei de jildlike kant yn it omtinken wurdt it oankeapjen fan dy loads net mear sa need- saaklik. Der moat dan wol plak socht wurde foar it PMSW. Dat soe yn de eigen gemeentlike loads kinne. As der oanpassings foar nedich binne, soe dat betelle wurde kinne út de opbringsten fan de ferkeap fan it hûs yn Raard. Der moat wol stipe jûn wurde oan de lokale wurkgelegenheid, mar yn dit gefal is it better om net ta oankeap fan de loads oer te gean, benammen fanwege de ûndúdlike dekking fan de oankeap. De jildlike situaasje fan de gemeente is net sa best en der moat ek rekken mei hâlden wurde. Ek is it spitich dat de wentebouferiening sa lang wachtsje moatten hat, ear't hja wisten wêr't hja oan ta wiene. Sprekster stelt út om it hûs yn Raard te ferkeapjen, de eigen gemeent like loads oan te passen foar gemeentewurken en it PMSW en net ta oankeap fan de loads fan de wentebouferiening oer te gean. De hear Stallinga seit dat der in heech wurkleazenspersintaazje yn dizze gemeente is. De gemeente hat immen oansteld dy't besykje moat bedriuwen hjir hinne te heljen. Sjoen dy aspekten liket it him ta dat der no net tebek skrille wurde moat foar de oankeap fan de loads fan de wentebouferiening. De loads moat wol oankocht wurde om't men ek foarút sjen moat. No is der faaks net genôch aktiviteit yn de loads ûnder te bringen, mar de ekonomy lukt oan en as der in geunstich festigingsklimaat yn de gemeente is, dan is dat in foarrjocht. Fierder leit dizze gemeente ûnder de reek fan Ljouwert en dêr kin ek wat fan meinommen wurde. In oar aspekt is it Europeesk Sosjaal Funs. Dêrfan komt in bytsje yn Nederlân ztelâne en noch wer minder yn Fryslân. Hy freget it kolleezje om dêr ek omtinken oan te jaan en dan benammen te besykjen hjir wurk hinne te luken yn de sektoaren dy't yn it brief oer dat funs neamd binne, sadat der mear kansen komme foar jongere wurkleazen en dyjingen dy't al langer wurkleas binne Syn fraksje stiet dêrom efter dit útstel om't hjirtroch in mooglikheid untstean kin om wat oan dy wurkleazens te dwaan. Mevrouw Aukes zegt dat dit voorstel uit drie onderdelen bestaatde aankoop van de loods van de woningbouwvereniging, verkoop van een loods van gemeentewerken en een woning te Rauwerd. Een deel van de P.v.d.A.-fractie heeft moeite met de aankoop van de loods van de woningbouwvereniging. Haar fractie heeft daar ook moeite mee en voor hen speelt daar dan nog een element bijBij de stukken ligt een koopcontract dat al op 1 februari getekend is. Zij vraagt zich af hoe dat mogelijk is. Verder is er geen taxatierapport bij de stukken waaruit duidelijk kan worden hoe het college aan het aankoopbedrag komt. Ook lijkt het haar dat het college de bevoegdheid heeft tot een bepaald bedrag zelf tot aan- of verkoop over te gaan en dat voor bedragen die daar boven komen de raad toestemming moet geven. Het college heeft geen overeenstemming over verkoop kunnen bereiken met de huidige huurder van de gemeenteloodsde fa. Langhout. Spreekster vraagt of het college er wel alles aan gedaan heeft om de werkgelegenheid van Langhout voor de gemeente te behouden. Het beleid van de gemeente is er op gericht om hier werkgelegenheid heen te halen en zij vraagt zich af of de gemeente in deze aangelegenheid de juiste houding heeft aangenomen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 11