- 7 - In het verleden heeft de gemeente in overleg met de fa. Langhout een loods aangekocht die die firma voor een bepaalde tijd kon huren en na verloop van tijd ook van de gemeente zou kunnen kopen. Zij vraagt zich nu echter af of het altijd de intentie geweest is om die loods te verkopen. Zij vindt het jammer dat de verkoop op een klein bedrag moet stuklopen. Als de gemeente niet op de juiste manier optreedt kan dat tot gevolg hebben dat de werkgelegenheid juist weggestuurd wordt in plaats van aangetrokken. Uit haar informatie is verder gebleken dat het college alleen bereid was een bepaalde prijs te aanvaarden, die veel hoger is dan het aankoopbedrag van een aantal jaren geleden. Het lijkt haar niet noodzakelijk dat de gemeente grote winsten maakt. Zij wil het college daarom vragen om deze zaak nog eens reëel te bekijken en te proberen met de firma Langhout tot overeenstemming te komen zodat die werkgelegen heid voor deze gemeente bewaard kan blijven. De hear G. Bouma seit út namme fan de minderheid fan syn fraksje dat bekend wie dat der in foarlopich keapkontrakt tekene is mei de betingst dat de ried de oankeap goedkarre moast. Fierder is de oankeap basearre op in oar útgongspunt as no yn it útstel oanjûn is. Dy loads soe brûkt wurde kinne foar it PMSW en is der ek tige geskikt foar. Yn téory soe it PMSW wol yn de gemeenteloads ûnderbrocht wurde kinne, mar de praktyk bringt safolle beswieren mei dat it better is om dat net te dwaan. De romte dy't yn de loads fan de wentebouferiening oerbliuwt as it PMSW dêryn ûnderbrocht iskin oanbean wurde oan ûndernimmers dyt earne mei útein sette wolle. It hat hyltyd al by it oanlûken fan wurkgelegenheid in punt west dat de gemeente neat oan te bieden hie en hjirtroch soe dat wol kinne, dat sprekker is fan betinken dat dizze kans net foarby gean mei. Hy is it dêrom iens mei it útstel fan it kolleezje. Wethâlder Breeuwsma seit dat de alderearste plannen mei de loads fan de wentebouferiening wiene om dy foar gemeentewurken te brûken. De foar- lopige keap waard sletten. Doe krige it PMSW ek belangstelling foar dy loads. Mei hingjen en wjirgjen soene gemeentewurken en it PMSW tegearre yn dy loads kinneDekking foar de oankeap fan dizze loads soe komme út de ferkeap fan it hûs yn Raard en de loads fan Langhout. No't dat leste net trochgiet, kin de dekking fûn wurde yn de hierpriis dy't it PMSW en startende undernimmers betelje moatte foar harren part fan de loads. Yntusken wiene der ek petearen oer it festigjen fan in soarte fan skoalle dêr't learlingen fan de LTS in pear dagen yn 'e wike wurkûnder- fining opdwaan koene. Sprekker fynt it tige spitich dat dat net trochgien is. By wat mefrou Aukes nei foaren bringt kriget sprekker it idee dat hja wol de klok lieden heard hat, mar net rjocht wit wêr't de bingel hinget. Neffens him moat hja better útsykje wat der krekt bard is. Hja freget nei in taksaasjerapport en hoe't it kolleezje oan de oankeappriis kaam is. De loads is taksearre op in bedrach fan 192.000,= en it kolleezje hat de loads foar 170.000,= oankeapje kind, dat liket him goed keapmanskip. Fierder is mefrou Aukes nochal wat rekke oer de wize wêrop mei de firma Langhout omgien is. Neffens him is dat wol op in goede wize gien. Deselde taksateur hat ek de loads fan de gemeente tak searre en sein dat dy loads altyd wol 100.000,= opbringe moatte soe. As it kolleezje dan mei in legere priis nei de ried giet, moat der wol in tige grûne reden foar wêze. It útgongspunt is dat by oankeap wol ûnder de taksearre priis bean wurde mei, mar de gemeente moat him by ferkeap oan de taksearre priis hâlde. It is perfoarst net it doel om winst te meitsjen. Fierder is hy it mei de hear Bouma iens dat it PMSW yn dy loads fan de wentebouferiening in tige goed plak kriget. Ek is it in goede saak dat de gemeente no de mooglikheid kriget om oan be- gjinnende undernimmers romte oan te bieden. De sifers dêr't it hjir dan om giet binne net oerdreaun. Dat moat men der wol foar oer hawwe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 12