- 9 - De hear G. Bouma fynt it net terjochte dat it PMSW underbrocht wurde moat op in plak dat yn téory wol, mar yn de praktyk perfoarst net geskikt is. Wat de oankeap fan de loads fan de wentebouferiening oanbelanget is hy it iens mei de hear Stallinga. It giet net om in fergeliking, mar om de eigen ynwenners dy't wurkleas binne en dy't op dizze wize yn de eigen gemeente in plak fine kinne. Der is al ferskate kearen oer praat dat it ferlet oan sa'n romte hyltyd grutter wurdt. It is net need- saaklik dat dêrfoar dan ek fiergeande plannen oer de ynfolling binne. Hy kin dêrom wol akkoart gean mei de oankeap fan dizze loads. Wethâlder Breeuwsma seit dat de dekking fan it bedrach foar de oankeap fan de loads fan de wentebouferiening fun wurde kin yn de ferkeap fan de loads yn Raard en de hier dy't it PMSW foar de loads betelje moat. Fierder kin der dan 200 m2 oan in startende Qndernimmer ferhierd wurde. Yn de earste twa jier net foar it folie hierbedrach, om it begjin net te dreech te meitsjen. De gemeente kin dat bedrach dan út it wurkgelegen- heidsfûns oansuverje. It totaal fan dy bedragen is sadanich dat de risiko's foar de gemeente safolle mooglik beheind bliuwe. Nei twa jier soe dy ûndernimmer dan wol it folie hierbedrach betelje moatte. Dan bliuwt der ek noch 100 m2 oer om op lytsskalige projekten yn te spyljen. Hy is it mei de hearen Stallinga en Bouma iens dat der altyd al praat wurdt oer it oanbieden fan romte oan begj innende ûndernimmers yn it ramt fan de bestriding fan de wurkleazens en it soe tige spitich wêze om no't de kans him foardocht, dy dochs noch rinne te litten. Hy is it wol mei de hear Van den Berg iens dat de gemeente net tefolle gebouwen hawwe moat, mar foar dizze loads is in goede jildlike dekking te jaan en it jout de mooglikheid om ek ris sjen te litten dat de gemeente yn de praktyk ek wat dwaan wol oan de bestriding fan de wurkleazens. It oanpassen fan de eigen gemeentlike loads foar it PMSW soe noch in folie gruttere ynfestearring freegje as de oanpassing fan de oan te keapjen loads. Fierder stiet de wize wêrop't mefrou Aukes har fragen stelt him net sa oan. Dat is mear suggestjes oproppe en dêr hâldt sprekker net fan. Der is wol mei de firma Langhout praat oer de ferkeap. De taksateur hat in earste petear hân en dêrnei hawwe de fertsjintwurdigers fan de firma Langhout twa kear by sprekker seis west en ek noch in kear by de foarsitter. Dat is op in iepen en earlike wize gien en net sa't mefrou Aukes suggerearret op in minder korrekte wize. Hierna wordt overgegaan tot stemming over het voorstel van mevrouw A. Zijlstra om niet tot aankoop van de loods van de woningbouwvereniging over te gaan. Dat voorstel wordt aangenomen met 9 stemmen voor en 8 stemmen tegen. De tegenstemmen waren van mevrouw Bloem en de heren Van der Baan, Bethlehem, G. Bouma, Breeuwsma, Dotinga, Poppen en Stallinga. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het verkoopvoorstel van het college over de loods en de woning te Rauwerd besloten. Hierna schorst de voorzitter om 21.05 uur de vergadering voor een pauze. De voorzitter heropent de vergadering om 21.15 uur en stelt aan de orde: 6. Voorstel tot huur van een perceel water van de Dienst der Domeinen. De hear G. Bouma seit dat yn it ferline de gemeente Utingeradiel foar de Stifting wetterrekreaasje te Terherne it wetter fan de Tsjinst foar de Domeinen hierdewêrnei't it foar itselde bedrach oan dy stifting trochferhierd waard. Doe't de Stifting lykwols seis it wetter fan

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 14