- 10 - Domeinen hiere woe, wie dat foar Domeinen oanlieding om it hierbedrach foars te ferheegjen fan 260,= nei 4.750, Dat wie fansels tefolle en doe woe de Stifting de âlde situaasje wol werom. De Tsjinst foar de Domeinen wie net ree om dat nije hierbedrach te ferleegjen en dat soe betsjutte dat de gemeente dat bedrach dan betelje moatte soe. Doe't hjir de foarige kear oer praat is, hat de ried him ôffrege oft sa'n ferheging wol tastien is, om't it fier boppe de tastiene persin- tuele ferheging útgiet. It útstel waard oanhâlden en sprekker hat kontakt opnommen mei de Tsjinst foar de Domeinen mei de fraach wat de grunslach fan de hierpriis wie. De ynspekteur dy't him dêroer ynljochtsje koe, hat dat net dien, om't dy net mei riedsleden kommunisearremar allinnich mei in kolleezje fan B. en W. Dêrnei is fia it kolleezje deselde fraach oan de Tsjinst foar de Domeinen steld. It andert dêrop wie in útiensetting wêrom't der net rjochtstreeks mei riedsleden korrespondearre waard en dat der gjin beswieren tsjin de hierpriis ynbrocht wiene. Der is dus noch hyltyd gjin andert op de fraach wat de grunslach fan de hierpriis is. Sprekker freget him óf oft it mooglik is om dit útstel nochris oan te hâlden en de partijen de kâns te jaan fia harren lanlike kanalen dizze hannelwize fan de Tsjinst foar de Domeinen oan de kaak te stellen. Der sille fansels mear fan ditsoarte gefallen wêze. Nei de Stifting wetterrekreaasje ta moat dúdlik makke wurde dat de gemeente wol ree is it wetter foar harren te hieren, mar dan wol foar in oare priis as dy't yn it útstel oanjûn is. Fierder freget hy noch oft it sa is dat dizze Stifting mei de eardere gemeente Utingeradiel in oerienkomst sletten hat dat hja oant it jier 2003 dat wetter foar 260,= yn't jier hiere kinne, nettsjinsteande de hier dy't de Tsjinst foar de Domeinen oan de gemeente berekkenet. It is de hear Stallinga ek opfallen dat de ynspekteur yn syn brief skriuwt dat de hierpriis gjin punt fan diskusje west hat, wêrút men ôfliede kinne soe dat de gemeente samar akkoart gien is mei dy priis. Hy is it mei de hear Bouma iens dat dizze saak fierder útsocht wurde moat. Om net yn de knipe te kommen liket it him better om wol de hier te beteljen, mar dêr bûtenom kin wol aksje fierd wurde. Mevrouw Aukes zegt dat ook haar fractie de reactie van de Dienst der Domeinen zeer wonderlijk vindt. De hoogte van de huurprijs was juist de reden voor de discussie terwijl in de reactie gesteld wordt dat daar niet over gesproken is. Misschien is het mogelijk dat het college aan die dienst duidelijk kan maken wat de reden van deze gemeentelijke actie geweest is. Verder heeft zij er geen bezwaar tegen dat daar nadere vragen over gesteld worden. Wethâlder Breeuwsma seit dat it yndied sa is dat der mei de Stifting wetterrekreaas je in kontrakt oer de hierpriis is dat oant 2003 ta jildt. Sprekker hat der fierder net folie muoite mei om hjiryn noch fierder aks je te ûndernimmen fia de politike kanalen, mar dit moat fansels net salang oanhâlden wurde dat de Tsjinst foar de Domeinen de kâns kriget om it wetter oan oaren te ferhieren. Fia dy politike kanalen is it miskien mooglik om nei te gean wêrom't de Tsjinst foar de Domeinen net bun skynt te wezen oan de persintuele ferhegings dêr't alle legere oerheden troch it ministearje fan ekonomyske saken wol oan bûn wurde. Der wurdt ek alhiel net oanjun hoe't dy Tsjinst oan dit hege bedrach komt. It bedrach dat frege wurdt komt oerien mei de priis dy't foar in goed stik grûn frege wurde kin en dat fernuveret him wol om't der oars foar wetter altyd in sa leech mooglike priis frege wurdt. Hy is it der wol mei iens dat dizze saak fierder útsocht wurdt, mar it liket him goed ta om wol de hierpriis, ûnder protest, te betel jen

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 15