- 12 - 12. Beswierskriften K. Hooisma en J. van der Horst en frou tsjin it riedsbeslút oer it ynfieren fan Fryske doarpsnammen. De hear Van den Berg seit dat fuort nei it úteinsetten fan de nije gemeente in ad hoe kommisje ynsteld is om in advys út te bringen oer it al of net oergean ta it ynstellen fan Fryske plaknammen. Dy kommisje advisearre om yn oerlis mei de Geakundekommisje de mooglike Fryske nammen fêst te stellen en om oer de ynfiering mei ferskate ynstânsjes oerlis te hawwen. Yn novimber 1985 hat de ried besletten om ta ynfiering fan de Fryske nammen oer te gean en oan it kolleezje is frege om in ynfieringsplan te meitsjen. It kolleezje hat mei dat plan hyltyd wachte oant der in reaksje fan de kommisje foar berops- en beswierskriften op in tal beswieren kommen wie. No is it advys fan dy kommisje der en neffens it kolleezje kin der dan no ek ta it opstellen fan in ynfieringsplan oergien wurde. Dit hat spitigernôch salang duorre dat der yntusken enkêtes hâlden binne op grûn fan ynformaasje dy't net alhiel terjochte wie. Ut dy enkêtes docht bliken dat de measte beswieren besteane tsjin de ekstra kosten dy't in feroaring fan plaknamme meibringe kin. It is dan ek in goede saak dat it kolleezje ree is om by it ynfieringsplan safolle mooglik rekken te halden mei de ynbrochte beswieren. Syn fraksje wol it kolleezje de folgjende suggestjes meijaan: besykje dit jier de beslút- foarming oer de nammejouwing rûn te meitsjen; oan alle ynstânsjes dy't mei it feroarjen fan de nammen te krijen hawwe safolle romte jaan dat it mooglik is om dy feroaring maklik yn it wurk mei te nimmen; besjoch oer in pear jier (sa om 1990 hinne) wat der noch dien wurde moat en stel dan in definitive feroaringsdatum fêst. Neffens sprekker moat it foar it bedriuwslibben mooglik wêze om yn in perioade fan sa'n 5 a 7 jier sûnder ekstra kosten de feroaring fan de plaknammen mei te nimmen. Op dizze wize moat it mooglik wêze om sûnder swierrichheden de plaknammen te feroarjen. De hear Van der Baan seit dat syn fisy wol lykop rint mei wat de hear Van den Berg foar de P.v.d.A.-fraksje ferwurde hat. De ynfieringsfase moat net te koart wêze. Oan in perioade fan 5 jier mei wol tocht wurde sadat elts de kâns kriget om der op in goede wize op yn te spyljen. Wol moat der in tige goede foarljochting komme om't de swierrichheden neffens him foar it grutste part ûntstien binne troch in tekoart oan ynformaasje op dit mêd. Om tefoaren te kommen dat der dan aanst dochs noch minsken binne dy't de ynformaasje net goed léze kinne liket it sprekker ferstannich dat der oer dizze saak ek Nederlânsktalige ynfor maasje komt. Mevrouw Aukes zegt dat er in november op grond van een motie van de P.v.d.A. besloten is om tot een snellere invoering van Friese plaatsnamen over te gaan dan het plan van het college was. Haar fractie heeft toen verdeeld gestemd. Nu is haar fractie echter unaniem van mening dat dat besluit een heroverweging waard is. Zij stelt voor om over te gaan tot het plaatsen van tweetalige plaatsnaamborden, omdat dat een betere manier is om het Fries te propageren en te stimuleren. Daarbij spelen ook een aantal tot nu toe onderbelichte overwegingen een rolBij twee taligheid blijven de historische achtergronden voor de dorpen bewaard, in tegenstelling tot het gebruik van alleen maar Friestalige namen: b.v. Roordahuizum - Roardhuzum en Poppingawier - Poppenwier. Bij tweetalig heid wordt iedereen vrij gelaten in zijn of haar keuze en zal er minder aversie bestaan tegen de Friese namen. In andere landen en streken wordt ook van tweetaligheid gebruik gemaakt. Te denken valt aan Finland en Wales Tweetaligheid zal minder ingrijpende gevolgen hebben dan het invoeren

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 17