- 15 - Alvorens tot stemming over te gaan schorst de voorzitter om 22.15 uur de vergadering op verzoek van wethouder Breeuwsma. De voorzitter heropent om 22.20 uur de vergadering en geeft het woord aan wethouder Breeuwsma voor een stemverklaring. Wethâlder Breeuwsma seit dat hy by it útbringen fan it útstel wol efter it kolleezje-útstel stie, mar no't troch de V.V.D. it útstel dien wurdt om twatalige nammebuorden te pleatsen sil hy foar dat útstel stimme. Fan him is bekend dat hy altyd al foar twatalige nammen wie, mar hy hat him by de útspraak fan de mearderheid dellein. No't der lykwols in oar útstel komt, sil hy der foar wêze. Hjirnei wurdt oergien ta it stimmen oer it útstel fan de fraksje fan de V.V.D. om it beslút fan 19 novimber 1985 yn te lûken en oer te gean ta it ynfieren fan twatalige plaknammen. Dit útstel wurdt fersmiten mei 5 stimmen foar en 12 stimmen tsjin. De tsjinstimmen wiene fan de froulju Bloem, Faber, S. Zijlstra en A. Zijlstra en de manlju Van der Baan, Van den Berg, Bethlehem, G. Bouma, Dotinga, Nieuwdam, Poppen en Stallinga. Dan wurdt sûnder stik foar stik te stimmen neffens it útstel fan it kolleezje besletten mei it betingst, dat de fraksje fan de V.V.D. achte wurdt tsjin it útstel stimd te hawwen. 13. Voorstel met betrekking tot het bezwaarschrift van theatergroep Baakman tegen weigering subsidieverlening. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 14. Voorstel tot opheffing van de gemeenschappelijke regeling subsidiëring Stichting Noord Nederlandse Kunstijsbaan. Alsvoren. 15. Voorstel tot het subsidiëren van de verbouw van het dorpshuis de Buorkerij te Terhorne Alsvoren. 16. Voorstel tot het subsidiëren van projecten in het kader van Jongeren Bouwen voor Jongeren. Mefrou S. Zijlstra seit dat har fraksje tige ynnommen is mei dit útstel. It mes snijt oan twa kanten: der komt wurk yn it ramt fan 'Jongeren bouwen voor jongeren' en der komme romten foar de jongerein, eat dêr't in protte ferlet fan is. Hja fynt de gearwurking tusken gemeente en doarpsbewenners in komplimint wurdich. Spitigernôch hat foar Warten dy gearwurking oan 'e ein net mear sa goed west om't der net genôch oerlis west hat oer it partsje jild dat brûkt wurde moast om de jongereinfoar- sjennings yn de oare doarpen run te krijen. Hie dat der al west, dan hiene der fêst gjin swierrichheden west. Sprekster stelt dêrom út om as der noch plannen fanút Warten komme op it sosjaal-kulturele mêd, dy plannen safolle mooglik te realisearjen. Wethâlder mefrou Bloem is bliid mei it komplimint dat hjirfoar jûn wurdt. Dit hie net foarinoar kaam as der net sa'n protte subsydzje beskikber kaam wie yn it ramt fan 'Jongeren bouwen voor jongeren'. Hja is der

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 20