- 17 - 22. Voorstel met betrekking tot het bromfietsverbod voor het centrum van Grouw. De hear Van der Baan is der bang foar dat dizze goed bedoelde maatregel net de goede útwurking hawwe sil. Op sa'n maatregel soe in goede kontrôle hâlden wurde moatte, mar sjoen it feit dat de polysje der dochs gjin tiid foar hawwe sil om dit goed te kontrolearjen, sil fan dizze maat regel net folie telâne komme. Op dit stuit is de Skaverij in slupwei foar auto's en brommers om yn it sintrum te kommen. Der binne gjin stoepen foar de huzen. De bewenners steane fuort op de strjitte as hja út de huzen komme en dat is net sa'n feilige situaasje. Miskien is it in goede suggestje om de tagong dêre ta it Halbertsma's plein smeller te meitsjen sadat dy dyk net mear as trochgongsdyk brûkt wurde kin. De bewenners hawwe ek al fragen steld oan it kolleezje, mar der is noch gjin andert op kommen. Sprekker freget oft dêr no wat oer sein wurde kin. Fierder is dit wer in losse maatregel. Eins soe der op 'en doer in ferkearsplan komme moatte foar hiel Grou, dêr't alle maatregels yn steane en opinoar ôfstimd binne. Wethâlder Breeuwsma is it mei de hear Van der Baan iens dat dit gebiet as trochgongsgebiet brûkt wurdtOmt de huzen fuort oan de dyk steane jout dat unfeilige situaasjes en ek wol wat lûdsoerlêst. Der soene yndied ôfdwaande maatregels troffen wurde moatte, mar it liket him ta dat der begûn wurde moat mei dy maatregels dy't meast as earste oangrypt wurde. Jouwe dizze maatregels neat, dan kin der nei fierdergeande maatregels socht wurde. Dizze maatregels binne ek it andert op de klachten fan de bewenners. Hjir moat mei begûn wurde. It smeller meitsjen fan de trochgong nei it Halbertsma's plein liket in goede oplossing, mar dêrmei kin men dochs noch foar guon minsken hinder oproppe. It is dreech om foar ditsoarte problemen dy maatregels te treffen dêr't elts it mei iens is en dêr't nimmen troch hindere wurdt. Dizze maatregel moat mei begûn wurde en smyt it neat op dan sil der oan fierdergeande maatregels tocht wurde moatte De hear Van der Baan fynt dat net allinnich de brommers mar ek de auto's foar gefaarlike situaasjes soargjen. Der wurdt meastentiids te hurd riden op it frij rjochte stik tusken de brêge en it Halbertsma's plein. It soe tige spitich wêze dat der earst Ongemakken barre moatte ear't der wat oan dien wurdt. Fierder freget hy him noch of oft it kolleezje wol op de hichte is fan de klachten fan de bewenners. Dêr hat er noch net in dúdlik andert op hân. Wethâlder Breeuwsma seit dat hy noch wolris neigean sil hoe't it krekt sit mei de klachten. Fierder is it wol bekend dat der klachten binne, om't der oars net ta it nimmen fan maatregels oergien wie. It is net sa dat men samar alle trochgeande paden ôfslute kin foar it ferkear. Dêr moatte wol tige swierweagende grûnen wêze om ta sa'n maatregel oer te gean. It liket him goed dat dit nochris yn in êfdielingsgearkomste bepraat wurdt, sadat it mooglik is om wat wiidweidiger hjirop yn te gean. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 23. Voorstel met betrekking tot het bezwaarschrift van W. Hellinga tegen vaststellen saneringsbeleid ligplaatsen pleziervaartuigen oostoever Boarn te Irnsum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 22