- 18 - 24. Utstel om in oersjoch fêst te stellen oangeande foarsjennings yn'e húsfesting fan iepenbiere en bysûndere basisskoallen yn Boarnsterhim foar it tiidrek 1987 oant en mei 1990. De hear Van der Baan is fan betinken dat de gemeente him mei it meitsjen fan de plannen altyd wat beskieden opstelt. Der binne plakken dy't mei rojale opsetten kommen en dy't dan ek honorearre wurde. Hy hopet dat dat foar dizze gemeente ek dien wurdt. Wethâlder mefrou Bloem seit dat dit it begjin is fan in proseduere foar fierdere oanfragen om yn oanmerking te kommen foar oanpassing of útwreiding fan lokalen of skoallen. De folgjende stap binne de mear konkrete plannen en sprekster is wol ree om nei te gean oft de opstelling derby te beskieden is. Oerfreegjen is ek net de goede wize om wat te berikken. Der moat socht wurde om in tuskenpaad om op dy wize der it measte út te hel jen dat der yn sit. Hjirnei wurdt sunder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 25. Utstel om in bydrage beskikber te stellen foar it oantúgjen fan learmiddels foar it skoaswimûnderwiis yn Terherne. De voorzitter zegt dat het bedrag in de vierde regel van onder moet zijn: 1.000,= 6 166,=. Sunder petear en sûnder stik foar stik te stimmen wurdt neffens it útstel besletten. 26. Utstel om oan de "St. Martinusschool" yn Wergea meiwurking op grün fan kêst 74 fan de W.B.U. te ferlienen foar it oantúgjen/ferfangen fan in radio-cassetterecorder. Sûnder petear en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 27. Utstel ta it ferlienen fan meiwurking oan bysûndere skoallen neffens kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis yn ferbân mei de ynfiering fan it fak Ingelsk. Lyk as earder neamd. 28. Voorstel tot het vaststellen van de uitgaven 1985 Stichting Alfabe tisering Midden-Friesland. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 29. Voorstel tot het benoemen van leden van de Commissie Openbare Bibliotheek. De voorzitter zegt dat hier ter benoeming worden voorgedragen mevrouw A. van Schaik te Nes en de heer G. Dijkstra te Irnsum en verder de heer P. Beeksma te Oldeboorn en mevrouw R. van Lingen-Gietema te Warga. De stemming over dit voorstel wordt betrokken bij het volgende punt. 30. Voorstel tot benoeming van twee bestuursleden van de Stichting Recre atie-oord 'Yn 'e Lijte' te Grouw. De heren J. van der Goot en P.H. Starreveld worden ter herbenoeming voorgedragen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 23