- 2 - Mefrou A. Zijlstra seit dat dit útstel al earder oan de oarder west hat. Benammen de jildlike kant hat har fraksje noch wat muoite mei. Lykwols giet it om de húsfesting fan PMSW en gemeentewurken en mei de tasizzing fan it kolleezje dat der yn augustus yn de ôfdieling neier oer de konkrete ynfolling praat wurde sil, kin har fraksje, wol mei muoite, ynstimme mei dit útstel. Mevrouw Aukes zegt dat met het voorliggende voorstel een besluit wordt genomen over de huisvesting van gemeentewerken. Uit de voorliggende berekening wordt duidelijk dat op deze manier 100.000,= bespaard zou kunnen worden. Toch is dat heel betrekkelijk omdat er bij een andere benadering weer hele andere bedragen naar voren komen. Haar fractie kan niet in dit voorstel meegaan om tot aankoop van deze loods over te gaan. Er is namelijk een andere oplossing voor de huisvesting van de houtwerkplaats van het PMZW en van gemeentewerken. Uit eigen informatie is spreekster gebleken dat er in Grouw loodsruimte aanwezig is, die gehuurd zou kunnen worden voor het PMZW en een startende ondernemer. Daarmee zou de gemeente een slag om de arm houden en in alle rust kunnen uitzoeken wat het meest geschikt is, ook voor gemeentewerken. De loods ruimte waar zij op doelt, is van de firma Kooiker. Een gehuurde loods spaart de aankoopkosten uit en met eventuele aanpassingen is de huurprijs ook zodanig dat die geen problemen op kan leveren. De aan te kopen loods zal ook verbouwd moeten worden en met de aakoopprijs alleen is de gemeente er dus nog niet. In het voorstel wordt de financiële dekking daarvoor ook niet gegeven, maar wordt toegezegd dat in de augustusvergadering van de afdeling daar nader op wordt teruggekomen. Gemeentewerken kan in de eigen loods worden ondergebracht en eventuele verbouwingen zouden kunnen wachten tot volgend jaar. Het lijkt haar dat er genoeg alternatieven zijn die de moeite van het bekijken waard zijn en daarom verzoekt zij daar nog eens aandacht aan te willen geven. De hear Stallinga is der bliid mei dat yn it útstel it bewiis levere is dat de beste oplossing dochs de oankeap fan de loads fan de wente- bouferiening is. It Projekt kin dêr ûnderbrocht wurde en in startende Ondernimmer kin holpen wurde. Om't neffens him it Projekt op 'en doer net yn de eigen gemeentlike loads bliuwe soe, sparret dat in oerstallige ferbouwing út. Ek hoecht dan it terrein fan de Blikpôle net brûkt te wurden en de ynfestearrings dêryn kinne dus ek útsparre wurde. Wethâlder Breeuwsma seit dat der yn de léste ôfdielingsgearkomste frege is om in bettere jildlike Onderbouwing. Dat is nochris goed útsocht en hy is dêrom bliid dat de P.v.d.A.-fraksje wol ree is dit útstel te stypjen. Fansels sil der meikoarten in neiere taljochting komme op it fierdere ferrin fan dizze saak. Mefrou Aukes hat wol muoite mei dit útstel en hja docht suggesties foar oare oplossings. Sokke oplossings binne fansels wol te betinken mar it útgongspunt wie om it PMSW en gemeentewurken yn eigen loadsen Onder te bringen. In hierde loads is foar him in te wankele basis. Foar gemeente wurken is de kontinuïteit fan belang en dêrom is it better om gebruk te meitsjen fan eigen QnderkommensBy it hieren fan Qnderkommens komme der folie mear fragen om'e hoeke, lykas foar hoelang de hier oangien wurde kin, de likwiditeit fan de ferhierder. Om op dy basis wat op te setten fynt hy dochs net alhiel geskikt. Fierder freget sprekker him of hokker jildlike dekking mefrou Aukes dan net fûn hat, om't dit útstel benammen oer de jildlike dekking fan de oankeap giet. It kolleezje hat him fierder net ferdjippe yn mooglik te hieren romten om't dat net de kant is dy't hja op woene.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 26