GEMEENTE BOARNSTERHIM 18. utstel nei oanlieding fan in konsept-moasje fan de fraksje fan de F.N.P. oer de mooglike finansjele konsekwinsjes fan de ierdgaswinning yn Fryslân en yn relaasje hjirmei oer de gasprizen. Oan de gemeenteried. Grou, 8 augustus 1986. Yn de riedsgearkomste fan 17 juny lêstlyn waard de behanneling fan in konsept-moasje fan de fraksje fan de F.N.P. oer de kosten fan ierdgaswinning en de gasprizen ferskood nei de gearkomste fan 19 augustus 1986 De moasje, yntsjinne op grûn fan kêst 25 fan it Reglemint fan Oarder, is ús kolleezje yn hannen steld om advys. Foar de dúdlikheid helje wy de tekst fan de ûntwerp-moasje noch even oan. It stiet der sa: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim op 17 juny 1986 yn gearkomste byinoar hat him dwaande holden mei de mooglik finansjele konsekwins- jes fan de ierdgaswinning yn Fryslân en de gasprizen sa't dy yn 'e heine takomst fêststeld wurde sille. Hy himt derby yn it omtinken: - dat Fryslân in skat oan ierdgas yn 'e boaiem hat; - dat tal fan gasferbrûkers it gas tsjin in legere priis ôfnimme; - dat eartiids by de koalewinning yn Limboarch it fynplakfoardiel gou; - dat dêrtsj inoer yn Fryslân fan in fynplakfoardiel noch hieltiten gjin sprake is; - dat de skea dy't Fryslân ûnderfine kin troch de gaswinning ek noch net regele is; - dat Fryslân troch syn gasfoarrie troch de Europeeske Mienskip as te ryk beskôge wurde kin lykas in part fan Grinslân en jildlike stipe dan fan Europeeske Fûnsen net mear mooglik is. Hy stiet der op grûn fan boppeneamde oerwagin^ by it kolleezje op oan prikken yn it wurk te stellen om de gaspriis foar Fryslân 10 s. leger fêststeld te krijen. Hy freget it kolleezje dizze moasje ûnder de oandacht te bringen fan de kabinetsformateur, fierders oan alle oare gemeenten yn Fryslân en oan it provinsjaal bestjoer fan Fryslân mei it fersyk dêr adheesje oan te bestjûgjen en giet oer ta de oarder fan de dei" Wy binne fan betinken, dat de ried de moasje net oernimme moatte soe Wy fine net dat der in ferbân leLn wurde moat tusken de gaspriis en de skea dy't tabrocht wurdt oan de om jouwing fan it fynplak troch it sak jen fan de boaiem. De skea moat op in oare wize fergoede wurde as troch in legere gaspriis, bygelyks troch fûnsfoarming as ferplichte ûnderdiel by de konsesjebetingsten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 64