-2- De oare oerwegings fan de konsept-moasje hawwe wy it folgjende kommintaar op 1. "Fryslân hat in sleat oan ierdgas yn 'e boaiem". Wy ûntstride dit net. Wy achtsje dit tige fan belang foar ús Nederlânske ekonomy. 2. "Tal fan gasferbrûkers nimme it gas of tsjin in legere priis". Wy ûntstride- dit net. Deselde groepen ôfnimmers (túnkers, yndustriën en oare grutferbrûkers en de partikuliere húshâldens) betelje binnen harren groep yn hiel Nederlân deselde priis. 3. "Yn iLiniboarch gou eartiids by de koalewinning in fynplakfoardiel yn Fryslân ha wy dat fynplakfoardiel noch net" Neffens ús wie dit net in fynplakfoardiel, mar it ûntbrekken fan in transportneidielWy binne fierders fan betinken, dat men oan it tafallige foarkommen fan ierdgas yn'e boaiem ûnder Fryslân gjin foarrjochten ûntliene moat. It is wat oars as it giet om it fergoeden fan skea of it opheffen fan achterstannen. Dêr moat wat oan dien wurde, mar net mei it middel fan it fynplak foardiel 4. "De skea as gefolch fan de gaswinning is noch net regele". Wy binne fan betinken dat dit te sterk sein is. De skeafergoeding is wol regele, mar de fraach is oft it net better regele wurde moat. Lykas jimme bekend wurdt dêr op provinsjaal nivo oan wurke. 5. "Fryslân soe troch syn gasfoarrie troch de Europeeske Mienskip as "te ryk" beskôge wurde kinne en dêrtroch E.S.F.-fûnsen mis- rinne Wy hawwe gjin oanwizings dat Fryslân dizze fûnsen misrinne sil. Krekt oarsom, wy hawwe de yndruk dat der hiel wat op priemmen stiet. By eintsje-beslút wolle wy noch opmerke, dat as de ried wol fan betinken wêze soe, dat de gaspriis yn Fryslân omleech moat, de 0,10 de m3 dêr't de ûntwerp-moasje fan praat, dan neffens ús net genôch ûnderboud is. Us útstel is lykwols om de moasje net oer te nimmen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 65