24. Utstel oangeande glêsskea bysûndere basisskoalle "Nij Djip-basis- school" yn Grou. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 8 augustus 1986. It bestjoer fan de bysûndere basisskoalle "Nij Djipschool" yn Grou hat in deklaraasje yntsjinne fan de kosten fan twa stikkene ruten. Dy deklaraasje moat sjoen wurde as in oanfraach neffens kêst 74 fan de Wet op it Basisûnderwiis (W.B.U.). De gemeente krijt nammentlik fan it Ryk in fergoeding foar it op'en nij yn oarder meitsjen en de mooglike ferfanging yn it gefal der praat is fan skea oan skoalgebouwenmeubilêr en ûnderwiislearpakketten. Dat wol sizze, dat de gemeente in noarmbedrach krijt foar brân- en stoarmskea, in fergoeding foar in útwreide gefarenfersekering en in fergoeding foar glêsbrek. De gemeente is risiko-drager yn it gefal fan kalamiteiten, c.q. bysûndere omstannichheden. Utsein in brânfersekering hat de gemeente gjin fersekering ôfsluten om't it oantal skeagefallen de leste jierren net sadanich heech west hat dat it opweaget tsjin de fersekeringspreemjes Mocht dat mei de tiid oars útwize, dan kin it roer altyd noch Sa't it no stiet, wolle wy der earst noch net oan. Om no foar te kommen, dat jim ried mei elts stikken rútsje konfron- tearre wurdt, stelle wy jimme út, takomstige oanfragen om fergoeding fan glêsskea en mooglik ek oare lytse skeaposten fia wurklistpunt "meidielings" óf te dwaan. By lytse skeaposten tinke wy oan bedragen dy't net mear as 1.000, berinne. Wy soene de skeagefallen net allinne beheine wolle ta glêsskea, mar ek ta oare lytse skeaposten dy't it gefolch binne fan in kalamiteit c.q. bysûndere omstannichheid. Giet it om bedragen fan mear as 1.000, dan wurdt de gewoane wetlike proseduere fan kêst 74 W.B.U. folge. Wy tinke der oan om om it fearnsjier, mooglik healjier, ôfhinklik fan de oanfragen dy't ynkommen binne, meidieling te awaan oan jim ried fan gefallen dy't harren de ôfrûne perioade ôfspile hawwe. Gearfetsjend stelle wy jimme út om: 1. de frege meiwurking op grûn fan kêst 74 fan de W.B.U. foar twa stikkene rútsjes, kosten 47,95 en 92,94 oan de bysûndere basisskoalle "Nij Djipschool" yn Grou te ferlienen; de kosten dêrfan wurde dutsen troch de Ryks-noarmfergoeding; 2. de ôfhanling fan skeagefallen oant in bedrach fan 1.000, foar êfdwaan yn hannen te jaan fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, dy't dêrfan om it fearnsjier en mooglik om it healjier -êfhinklik fan de oanfragen dy't ynkommen binne- meidie ling dogge oan jim ried. Boargemaster en wethouders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld B.G. Holtrop

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 73