25. Utstel oangeande de werstrukturear- ring fan'e skoalbibleteekfoarsjen ning by it basisünderwiis yn'e gemeente Boarnsterhim. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 8 augustus 1986. Under ferwizing nei de oanbelangjende stikken, benammen fan de Sintrale Bibleteektsjinst foar Fryslân en de Feriening fan Fryske Gemeenten dy11 foar jimme by de riedsstikken op bes jen lizze, diele wy jimme mei, dat om-en-de-by 1975 troch hast alle Fryske gemeenten it belang ynsjoen waard fan de ynrjochting fan in dokumintaasjesintrum yn'e legere skoallen. Oerlis tusken de gemeenten en de Sintrale Bibleteektsjinst hat laat ta in foarsjenningsstruktuerdy't foar alle legere skoallen inselde basispakket garandearre op grûn fan in bydrage de learling dy't foar alle gemeenten dy't meidiene, like heech wie. Dy bydragen waarden jierliks betelle. Fierders waard oerienkommen, dat de learlingebydrage net oan'e bysûndere legere skoallen útbetelle waard, mar meimekoar rjochtstreeks oan de iepenbiere bibleteken betelle wurde soene. Al yn 1972 sluten de eardere gemeenten IdaarderadielRaarderhim en Utingeradiel harren oan by de skoaldokumintaasjetsjinst. De bydrage foar 1985 waard fêststeld op 9,50 de learling. Yn'e gemeentebegrutting foar 1985 waard yn dat ferbân in bedrach rûsd fan meimekoar 1.606 learlingen (iepenbier en bysûnder) x 9,50 15.260,— Mei it fan krêft wurden fan de Wet op it Basisünderwiis op 1 augustus 1985 is tagelyk in nij bekostigingsstelsel fan tapassing wurden. De jildstream fan de ryksoerheid foar it skoalbibleteekwurk rint no rjochtstreeks nei de foechhawwende gesaggen sûnder tuskenkomst fan'e gemeenten. It noarmearringsstelsel fan it basisünderwiis -de saneamde Londo-noarm- is de basis foar de ryksoerheid. It nije bekostigingsstelsel is benammen basearre op de folgjende kriteariums a. kostehoedzjend; b. beleidsfrijheid foar skoal- en gemeentebestjoeren. De Feriening fan Fryske Gemeenten hat der mei klam op wiisd, dat men eins net oan dy wichtige útgongspunten fan it nije bekostigings stelsel komme moat. Dat betsjut, dat de skoalbestjoeren dêroer seis kedize moatte en seis har finânsjele bydrage leverje moatte. Der mei oannommen wurde, dat elts skoalbestjoer it belang fan it ynstân hâlden fan'e skoalbibleteek ynsjocht. Yn elts gefal binne de Feriening fan Fryske Gemeenten en de Sintrale Bibleteektsjinst it der wol oer iens, dat der yn'e rin fan'e jierren in goede skoalbibleteekfoarsjenning opboud is, dy't fuortset wurde moat. Oer de wize hoe't dat barre moat, tinke beide ynstânsjes net alhiel gelyk oer. De Sintrale Bibleteektsjinst soe graach sjen, dat de gemeente foar eltse skoalle (iepenbiere en bysündere basisskoallen) in abonnemint nimt (saneamde stipersstruktuerdat de gemeente, krekt as foarhinne, betellet út'e algemiene middels foar de skoallen en dat de skoallen seis soargje foar boeke-oankeap

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 74