- 2 - De skoallen soene seis de hichte fan it budzjet bepale moatte. Sa as hjirfoar al opmurken is, giet de Wet op it Basisûnderwiis fan in eigen beliedsfrijheid fan de skoalbestjoeren út. Dêryn leit ek opsletten it foech om de ûnderskate fergoedingen nei eigen ynsjoch te besteegjen. Wy binne it mei de Feriening fan Fryske Gemeenten iens, dat men net oan de útgongspuntendy't saniis ûnder a. en b. neamd binne, komme moat. It oernimmen fan it stânpunt fan de Feriening fan Fryske Gemeenten betsjut, dat der tusken de iepenbiere bibleteek en it bysûndere skoalbestjoer bilateraal in regeling troffen wurde moat. Itselde jildt foar it gemeentebestjoer oangeande it iepenbiere ûnderwiis. Mei achtslaan fan it stânpunt fan de Feriening fan Fryske Gemeenten (beliedsfrijheid foar de foechhawwende gesaggen) keppele oan'e opset fan de Sintrale Bibleteektsjinst betsjut dat, dat under ferwizing nei it oanbelangjende oersjoch foar de 12 iepenbiere basisskoallen (leit teffens by de rieddstikken op besjen) troch ús gemeente oan abonnemintsjild in bedrach fan meimekoar 2.725, foar 1986 betelle wurde moat. Op grûn fan it nije bekostigingsstelsel sil de ryksfergoeding op dit mêd foar de 12 iepenbiere basisskoallen meimekoar 4.649,25 wêze, sa as oanjûn is yn it neamde oersjoch. Der bliuwt op dizze manear fan de ryksfergoeding noch 1.925,25 oer 4.649,25 - 2.725, Wannear't dat bedrach omslein wurdt oer de 12 iepenbiere basis skoallen yn ús gemeente op grûn fan it folsleine tal learlingen, kriget eltse skoalle 1,37 it bern foar it oantugen fan boeken. Om't de gemeente oant no ta de kosten fan'e skoaldokumintaasje betelle, dus bûten it learmiddelenkredyt om, liket it ús net unridlik ta om dy 1,37 te ferheegjen oant 2,it bern. De ryksfergoeding foar it Onderwiislearpakket jout de romte dêr wol foar. Ien en oar is koartlyn bepraat yn'e tredde ôfdieling fan jimme ried, dy't him mei dy opset lykfine kin. Fierders hawwe wy de bestjoeren fan'e bysûndere basisskoallai yn'e gemeente fan'e finânsjele werstrukturearring fan'e skoalbibleteek- foarsjenning, sa as dy no beëage wurdt, skriftlik op'e hichte brocht. Dêryn is ek oanhelle, dat wy jimme ried yn'e gearkomste fan 19 augustus oansteande útstelle sille om neffens it boppesteande in beslút te nimmen. In kopy fan dat brief, dy't ek by de riedsstikken op besjen leit, hawwe wy stjoerd oan'e Sintrale Bibleteektsjinst te Ljouwert en de direkteuren fan'e iepenbiere basisskoallen yn ús gemeente. Gearfetsjend stelle wy jimme út om it abonnemintsjild foar de bibleteekfoarsjenning foar de iepenbiere basisskoalle foar rekken fan'e gemeente te nimmen 2.725,en it bedrach fan'e ryksfergoe ding dat oerbliuwt, (meimekoar 4.649,25) oer dy skoallen, mei it tal learlingen as ferdielkaai te ferdielen, lykwols mei dy beheining, dat dat bedrach fêststeld wurdt op 2,it skoalbern. It Ontwerp fan it beslút, dat yn dat ferbân nommen wurde moat, leit by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld B.G. Holtrop

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 75