- 3 - De hear Van der Baan seit dat net allinne by Poppenhuzen in protte bulkweinen steane. Yn Akkrum steane se geregeldwei tusken it fiadukt en it Melkerspaad. Hy mient te witten dat as it yndustryterrein yn Akkrum klear wêze soe de weinen dêrhinne moatte soene. Wethâlder Breeuwsma seit dat it sa is dat der op ferskate plakken yn it bûtengebiet wolris op'e bus wachte wurde moat. It soe dan wol nijsgjirrich wêze om fan de FRAM ris te hearren hoefolle minsken gebrûk meitsje fan de bus. Fakentiids is it sa dat der in pear jier wat mear minsken de bus nimme en dan sakket it wer 3f. Dêrom moat wol goed Ôfweage wurde wêr't sa'n wachthokje it meast fertuten docht. Boppedat binne wachthokjes yn it bûtengebiet ek noch wolris it doel fan fernielings. It is wol op'e winskenlist set om de needsaak dêrta te besjen. Foarearst kin eins net fierder gien wurde. By Poppenhuzen steane no meastentiids weinen fan'e Zuid-oost-hoek. Noord-Nederland hie hy al sprutsen, mar dy weinen steane no yn Aldeboarn, sa is him sein. In parkearplak by Poppenhuzen oan'e trochgeande dyk liket him wat frjemd, om't sokke parkearplakken eins bedoeld binne foar it útwiken fan it normale ferkear. Der hat mei Noord-Nederland wol oerlis west oer it brûken fan it bedriuwsterrein yn Aldeboarn. Yn it tillefoangesprek dat hy mei harren hân hat wiene hja wol wat posityf, it brief lykwols dat hy hjoed sjoen hat giet alhiel de oare kant út. Der sil dus noch wol in petear weze moatte. Hy hat begrepen dat der in oerienkomst mei de SPAR is, hja meie it SPAR-terrein brûke. Der is nea sprake fan west dat der in plak op it yndustryterrein fan Akkrum komme soe. De frachtauto's steane ek net altyd op dat stikje Boarnsterdyk tichteby it fiadukt. Nimt it wol slimme foarmen oan dan moat de polysje ynskeakele wurde. De hear Bethlehem wiist der nochris op dat de minsken seis meiwurkje wolle oan it realisearjen fan it wachthokje. It giet op't stuit om sa'n 12 as 14 bern, dy't eltse sei nei skoalle yn Akkrum of Drachten moatte. Hy is bliid dat der oan wurke wurdt dat op it yndustryterrein yn Aldeboarn in plak foar frachtauto's komt. It let neffens him neat dat op in parkearplak by Poppenhuzen, de berm is der breed genoch, sa ut en troch ek in persoane-auto stiet. De hear Van der Baan tinkt dat der mear yn stêd en doarp as yn it butengebiet fernielt wurdt oan bushokjes. Kin it P.M.S.W. net meihelpe? By eintsjebeslut wurdt it iepenbier ferfier stimulearre. Mefrou Watzema seit dat de frachtauto's meastentiids op it gemeentlike fytspaad by de SPAR steane en dat is net sa't it heart. Wethilder Breeuwsma seit oerlis mei de bewenners fan Poppenhuzen ta. Hy wit net oft it mooglik is mei bydragen fan de minsken soks te realisearjen, deroer sil it kolleezje him nochris bûge. De berm is mooglik breed genôch, it plak is yn in grutte bocht, net it meast geskikteHy wol lykwols gemeentewurken noch wol om in advys dêroer f reeg je. Miskien is hy yndied wol mis mei de opmerking oer de fernieling fan bushokjes. Hy tinkt net dat it in taak fan it P.M.S.W. is en hâld him dwaande mei it meitsjen fan bushokjes. Oer it bruken fan it fytspaad by de SPAR sil hy kontakt opnimme mei Noord-Nederland. Punt 15. Mefrou A. Zijlstra seit dat it kolleezje ferline jier tasein hat foar it nije skoaljier, dat juster al wer begûn is, te kommen mei in útstel oer de lienen yn de gemeente en dan benammen it Albadaleen. Troch dit lien is no jild beskikber steld foar it opknappen fan de tsjerke fan Poppenwier

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 4