- 7 - Punt c. Jeugdsozen/jeugdhuizen. Het geheel vervallen en hiervoor in de plaats: Verstrekking van uitsluitend zwak-alcoholische drank en alcoholvrije drank. De drankverkoop wordt beëindigd om 24.00 uur. Geen verstrekking van sterke drank. Hierop aansluitend toevoegen: De prijzen van alcoholhoudende dranken hebben dezelfde hoogte als het gemiddelde prijzenniveau dat de Boarnsterhimse horeca hateert. Jaarlijks stellen burgemeester en wethouders die in overleg vast en koppelen die aan de te verlenen ontheffingen. Geldend voor zowel a, b als c: Wij zullen de verantwoordelijke exploitanten uitdrukkelijk wijzen op de wetsbepaling dat geen alcoholhoudende drank mag worden verstrekt aan personen beneden de zestien of achttien jaar. Overtreding van deze bepaling kan gemakkelijk leiden tot intrekking van de vergunning op grond van de Drank- en Horecawet By de diskusje oer de nije A.P.V. yn us gemeente moat it beslut dat no nommen wurdt in dudlik plak ha om foar te kommen dat it belied dat no fêststeld wurdt feitlik neat om'e hakken hat, sadat der gjin kontrole en sanksjes mooglik binne. De hear Bethlehem seit dat hy de nota net ûnderskriuwe kin. Tagelyk seit hy, sitte der ek goede dingen yn, want it docht bliken dat it kolleezje besoarge is oer benammen it alkoholgebrûk ûnder de jongerein. Hy tinkt lykwols dat de jongerein wol sântich prosint fan de alkohol dy't hja brûke, bûten de doar krije en dat is krekt oarsom as yn it útstel stiet, wêr't oer tritich prosint praten wurdt. Wat de sportkantines oanbelanget fynt hy dat it kollezje gji-n Qntmoedigingsbelied hat, omdat daliks ek de sportferienings út it eardere Idaarderadiel in fergunning krije kinne en dat is gjin beheining mar ûtwreiding fan'e mooglikheid alkohol te krijen. Yn Idaarderadiel wie it altiten mooglik in feriening draaiende te hâlden ek sûnder it taapjen fan alkohol. Wêrom soe dat ek net jilde kinne foar de oare plakken yn us gemeente. Hy hie dan ek leaver sjoen dat alle alkoholgebrûk yn sportkantines ferbean waard. De fuotbalferiening Wergea frege as earste Ontheffing oan om't der gjin kafé yn it doarp wie, mar dat is no ek al net mear sa. Hy is tige nijsgjirrich nei it antwurd fan it kolleezje en ek nei de ferfolchnota De hear Stallinga seit dat hy it yn grutte linen mei de hear Van den Berg iens is. Hy leit der de klam op dat de bestjoeren fan de ferienings de grutste ferantwurdlikheid hawwe. De rie kin him der lykwols net foar weiwine. Hy soe dan ek wolle dat alle bestjoeren elts jier op'en nij oanfreegje moatte en dat dan de oanfraach ek goed beargumintearre wurde moat. Harren ferantwurdlikheid tsjin de jongerein oer is grut. Sa't hy earder yn'e Sfdieling al sein hat: "it is in synisme dat wy de drank by de sport en yn de jongereinsintra bringe om harren der te krijen en te hâlden om't hja oars miskien noch fierder fan hûs geane. De drompel nei de reguliere horeka is ommers leech. Mei de hear Bethlehem is hy it iens dat it belied foar de sportkantines in stap tebek ynhâldt. Hy soe foar it gebiet fan Idaarderadiel de rigels sa bliuwe litte wolle as se no binne. As de ferienings lykswols dochs in frijstelling hawwe wolle, dan moat der goed oer praten wurde om't it oanfreegjen fan in fergunning gjin automatisme wurde moat. Hy tinkt dat de ferantwurdlikheid fan'e bestjoeren yn Idaarderadiel wol sa grut is dat hja fuortendaliks dy stap net nimme sille en hy tinkt dan ek dat it ek net oan'e rie is om dy stap foar harren te dwaan. Utsein de saken dy't hy niis neamd hat kin hy him fine yn it untmoedingsbelied sa as dat it kollezje foar eagen stiet. Mei niget wachtet hy de ferfolchnota óf.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 8