-10- Punt 10: Mefrou A. Zijlstra seit dat hja net oerrinne fan entûsjasme foar dizze proef Hja hawwe grutte twifels of dizze proef wol oantoane sil wat him der ôfspilet nei it utgean fan de horekagelegenheden. As Boarnsterhim yn in eilânposysje komme soe dan soe besjoen wurde kinne oft in frij slutingsoere nedich wêze kin. Dy eilânposysje is gjin sprake fan. Allinne It Hearrenfean, Skarsterlân en Snits hawwe in frijstellingsbelied. Yn twa fan dy gemeenten rint noch in ûndersyk. Hja kin har net fine yn de proseduere sa't dy folge is. Wêr bliuwt dêryn de ynspraak fan de befolking. Op'e leste ofdielingsgearkomste wine inkelde minsken ut de kom fan Grou oanwêzich. Is dat genôch en lit de harksitting dy't oankundige wie foarby gean. Nei har betinken is in harksitting gans wat oars as in ofdielingsgearkomste Wêr bliuwe yn de ôfwaging neist de oerlêst en de iepenbiere oarder de oare faktoren as ferkearsfeiligens en geastlike folkssûnens? Dan hat hja noch har betingst by de perioade dêr't dizze proef yn fait. It is ommers in rêstige tiid, gjin representativeWêrom dan ek net yn de simmer freget hja har of. Der sil in kommisje komme. Op hokker wize sil dy alles op in rychje sette, wat binne de betingsten. Hja soe der graach wat oer hearre wolle. De hear Stallinga seit dat de A.P.F. fêststeld is troch de rie en de ferlinging fan it slutingsoere is in foech fan de boargemaster No't lykwols it slutingsoere ôfskaft wurdt is it de fraach of dit in foech fan de boargemaster as fan de rie is. De hear Van der Baan seit dat der no in maatrigel naam wurdt dy't neffens him yn striid is mei it ûntmoedigingsbelied sa't dat yn'e foarige riedsgearkomste bes letten is. De mooglikheden om drank te krijen wurde net ferlytse mar fergrutte. Dat komt dan wol frjemd oer. Hy twifelt oan it belang fan de iepenbiere oarder dat tsjinne wêze soe mei in frijlitten fan slutingsoere. Oer't generaal rinne de saken pas ut de hên as der lange tiid alkohol dronken wurdt en dat kin no aanst. Om ien oere is it noch frij rêstisch yn it doarp, om twa oere leit dat al gâns oars. As it útkommen no ek noch spriede wurdt sil de oerlêst allinne mar tanimme. Lytse groepkes hawwe likefolle lawaai as grutte en yn elts gefal kin it no de hiele nacht trochgean. Hy is tige pessimistysk oer de ynskatting fan de foarsitter. De omwenners yn'e kom fan Grou ênderfine sa'n protte oerlêst en as dy praten geane liket it dat der in bearput lege wurdt. Hy giet der dêrom foar yn'e pleit om de slútingstiid net frij te litten. De ûngerêstens is grut, ek by de êlden. Leaver soe hy wolle dat de kafé's earder ticht geane soene. Mevrouw Aukes begrijpt deze discussie niet zo goed meer omdat hierover al uitvoerig in de afdeling is gesproken. In het voorlichtingsartikel in de Mid-Frieslander staat duidelijk wat de proef zal inhouden. Zij proeft overal de angst dat het uit de hand zal lopen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 12