-15-
Dat is nochal in priisferskil.
Hy trunt derop oan dit utstel no, mei dizze begrutting dy't net
doocht, net oan te nimmen. Earst moat der in goede kalkulaasje komme
en moat der sjoen wurde nei in oar trasee.
Wethâlder Breeuwsma seit dat it kolleezje him liede lit troch
gegevens dy't fan syn tsjinsten komme.
Pas nei de oanbesteging sil dudlik wêze wat de krekte kosten binne.
Van 't Blik keapet ek in aardich stik grûn fan 5.000 m2 foar in ton
en dy moat eins de dyk om it terrein hinne hawwe om't er oars oer syn
eigen parkearterrein hinne ride moat. Ek de ontsluting fan U.T.D.
spilet in rol. Dat bedriuw soarget foar nochal wat oer lest yn it
doarp.
Der wie in ôfspraak mei U.T.D. dat hja meibetelje soene mar it
bedriuw seach der dit jier troch de reorganisaasje gjin kans ta.
Dochs docht it kolleezje no in utstel om't der eins en tink dan
benammen oan Van 't Blik gjin utstel mear mooglik is.
Wat de kante meterpriis oanbelanget kin hy der neat oer sizze. It
liket gâns wat sa't de hear Van der Baan dat besjoen hat. De
oanbesteging lykwols sil de wierheid oan't ljocht bringe.
De hear Van der Baan seit dat noch mar ôfwachte wurde moat oft Van 't
Blik de grûn echt keapet. U.T.D. docht wol de tasizzing dat hja
meibetelje si11e. Mar of hja echt meibetelje si 11e is net dudlik. Dat
binne fan dy faktoren dy't wif binne.
Nei syn betinken rammelt it gehiel tefolle en sa't hy it besjoen hat
kin der fan de priis wol sa'n 30 persint of.
De hear Bethlehem soe it kolleezje ek wol freegje wolle om dat wat de
hear Van der Baan seit ris te ûndersykjen.
De ôfspraken mei Van 't Blik moatte wol neikommen wurde.
Wethâlder Breeuwsma seit dat hy alles ek al yn'e ôfdieling taljochte
hat
Wat de prizen oanbelanget sil dochs de oanbesteging utmeitsje moatte
wa't gelyk hat. Der lizze hurde ôfspraken mei Van 't Blik dy't
neikommen wurde moatte. Op al it sifermateriaal dat oandroegen is kin
hy net yngean om't hy dêr gjin ferstân fan hat.
De voorzitter zegt dat dit soort technische vragen nou bij uitstek
thuis horen in de afdeling waar de deskundigen direct een antwoord
kunnen geven. Het is zeer onbevredigend dat het nu niet mogelijk is
een antwoord te geven. Het is ook politiek gezien niet erg
interessant
De hear Van der Baan seit dat pas nei de ôfdielingsgearkomste de saak
him helder waard en pas doe hat hy fierdere ynformaasje ynwûn en op
grûn dêrfan lukt hy syn konkluzje.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel
besloten met de aantekening dat de heer Van der Baan geacht wil
worden te hebben tegengestemd.