GEMEENTE BOARNSTERHIM 16. Utstel om it feststellen fan in plan fan nije iepenbiere en bysûndere basisskoallen benefter te litten. Oan de gemeenterie. Grou, 10 oktober 1986. Yn jimme gearkomste fan 20 maart 1984 hawwe jimme, under wurklistnûmer 27, bes letten om de iepenbiere beuker- en legere skoallen, dy't op 1 jannewaris 1984 yn ús gemeente oanwêzich wiene, yngeande 1 augustus 1985 om te foarmjen ta 12 iepenbiere basisskoallen. Derby is der fan ut gien, 12 iepenbiere basisskoallen goedernoch binne om dat iepenbier ûnderwiis yn ös gemeente te folgjen. By dat riedsbeslút is teffens in spriedingsplan ^fan'e iepenbiere basisskoallen oer de gemeente tafoege. It riedsbeslút fan 20 maart 1984 is op 26 juny 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân goedkard Neffens de Wet op it Basisûnderwiis kin in nije iepenbiere en in bysûndere basisskoalle allinne bekostige wurde, wannear't dy skoalle foarkomt op in plan fan nije skoallen, dat foar de oanbe lang jende gemeente fêststeld is. Yn dat ramt moat de gemeeterie elk jier in plan opstelle, dat 3 skoaljierren efterinoar omfiemet. Yn dat plan wurdt oanjûn hokker iepenbiere en bysûndere skoallen oan it begjin fan it earste skoaljier en hokker skoallen letter foar bekostiging yn oanmerking komme si 11e. Dat plan moat goedkard wurde troch Deputearre Steaten. De planprosedueredy't yn dat ferban foarskreaun is, is de Hein yn1 e kêsten 53 oant en mei 64 fan de Wet op it BasisunderwiisDe planproseduere skriuwt ûnder oaren foar, dat boargemaster en wethâ1ders foar 1 july oan'e rie útstelle om iepenbiere skoallen yn it plan op te nimmen. Fierders kin it foechhawwende gesach fan in bysûndere skoalle foar 1 april de gemeenterie it fersyk dwaan om harren skoalle yn it plan op te nimmen. Yn kêst 63 fan de W.B.U. wurdt lykwols bepaald, dat it fêststellen fan in skoalleplan benefter bliuwt, wannear't gjin fersiken foar opnimming yn it skoalleplan ynkommen binne of de gemeenterie bes letten hat, dat it fermearderjen fan it tal iepenbiere skoallen yn'e planperioade net nedich is om foldwaande iepenbier underwiis folgje te kinne. Ek dat beslút moat goedkard wurde troch Deputearre Steaten. Nei oanlieding fan it boppesteande diele wy jimme mei, dat gjin oanfragen, lyk as bedoeld yn kêst 63 fan de W.B.U. ynkomme binne, wylst wy fierders, mei achtslaan fan it spriedingsplan fan iepenbiere basisskoallen yn us gemeente - ek mei it each op de ûntwikkeling fan it tal learlingen oan'e iepenbiere basisskoallen fan betinken binne, dat foarearst gjin fermeardering fan it tal iepenbiere basisskoallen yn us gemeente nedich is. Gearfetsjend stelle wy jimme ut om te besluten, dat fermeardering fan it tal iepenbiere basisskoallen yn de planperioade 1987 - 1990 (skoaljierren 1987/1988, 1988/1989 en 1989/1990) net nedich is om foldwaande iepenbier ûnderwiis folgje te kinnen yn dizze gemeente. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starre veld. B.G. Holtrop.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 40