GEMEENTE BOARNSTERHIM
17. Utstel om meiwurking te ferlienen
oan de bysûndere basisskoalle fan
Warten foar de earste ynrjochting
fan ûnderwiislearmateriaal foar it
fak "handenarbeid".
Oan de gemeenterie.
Grou, 10 oktober 1986.
Troch it haad fan de bysûndere basisskoalle "School met de Bijbel"
yn Warten is in begrutting yntsjinne foar de earste ynrjochting fan
learmiddels foar it fak "handenarbeid", mei it fersyk om meiwurking
te verlienen om de nedige learmiddels oan te túgjen.
It bestjoer fan de bysûndere basisskoalle stiet efter it fersyk fan
de direkteur fan de skoalle.
Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan it nije ûnderkommen fan de
bysûndere basisskoalle. Mooglik dat begjin takommend jier it eardere
bysûndere beukerskoalgebou yn gebrök nommen wurde kin. De nije
skoalle krijt in mienskipslokaal, dêrfandinne dat der no in
oanfraach leit om meiwurking foar it oantugjen fan
"handenarbeid-materiaal"It âlde legere skoalgebou hie nammentlik
mar twa lokalen, sadat om reden fan romte-gebrek it fak
"handenarbeid" net jûn waard. Sadwaande is der net earder in fersyk
om meiwurking foar it oantugjen fan "handenarbeid-materiaal"
untsjinne
De Oergongswet wet op it basisûnderwiis giet der fan ut, dat de
ynventaris dy't op 31 july 1985 oanwêzich is op de beuker- en legere
skoallen foldocht oan de noarmen dy't de wet op it basisûnderwiis
stelt. Yn dit gefal giet it om learmiddels (ynventaris) dy't ûnder
it rezjym fan de Leger-ûnderwiiswet 1920 foelen.
Fanút dat eachpunt besjoen soe dan ek de meiwurking wegere wurde
moatte.
Wy binne lykwols fan betinken, dat der yn it gefal fan de bysöndere
skoalle fan Warten praat is fan bysûndere omstannichheden. De
skoalle hie nammentlik gjin fak- of mienskipslokaal, sadat om dy
reden der fan ôfsjoen is om it fakultative fak "handenarbeid" falie
te litten.
No't der nei de ferbouwing en utwreiding fan it eardere bysûndere
beukerskoalgebou wol romte is om "handenarbeid" te jaan, wol men
dochs noch in berop dwaan op de gemeente om de finansjele middels
foar it nedige materiaal beskikber te stellen.
Wy binne fan betinken dat der yn dit gefal in iftsûndering makke
wurde moat en dat yn begjinsel de meiwurking ferliend wurde kin. Op
in pear saken nei kinne wy wol akkoartsje mei de begrutting sa't dy
foar jim by de stikken op besjen leit.
Materiaal dat ornearre is foar tekenjen/skilderjen en tekstile
wurkfoarmen wolle wy lykwols skrasse.