GEMEENTE BOARNSTERHIM 17. Utstel om meiwurking te ferlienen oan de bysûndere basisskoalle fan Warten foar de earste ynrjochting fan ûnderwiislearmateriaal foar it fak "handenarbeid". Oan de gemeenterie. Grou, 10 oktober 1986. Troch it haad fan de bysûndere basisskoalle "School met de Bijbel" yn Warten is in begrutting yntsjinne foar de earste ynrjochting fan learmiddels foar it fak "handenarbeid", mei it fersyk om meiwurking te verlienen om de nedige learmiddels oan te túgjen. It bestjoer fan de bysûndere basisskoalle stiet efter it fersyk fan de direkteur fan de skoalle. Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan it nije ûnderkommen fan de bysûndere basisskoalle. Mooglik dat begjin takommend jier it eardere bysûndere beukerskoalgebou yn gebrök nommen wurde kin. De nije skoalle krijt in mienskipslokaal, dêrfandinne dat der no in oanfraach leit om meiwurking foar it oantugjen fan "handenarbeid-materiaal"It âlde legere skoalgebou hie nammentlik mar twa lokalen, sadat om reden fan romte-gebrek it fak "handenarbeid" net jûn waard. Sadwaande is der net earder in fersyk om meiwurking foar it oantugjen fan "handenarbeid-materiaal" untsjinne De Oergongswet wet op it basisûnderwiis giet der fan ut, dat de ynventaris dy't op 31 july 1985 oanwêzich is op de beuker- en legere skoallen foldocht oan de noarmen dy't de wet op it basisûnderwiis stelt. Yn dit gefal giet it om learmiddels (ynventaris) dy't ûnder it rezjym fan de Leger-ûnderwiiswet 1920 foelen. Fanút dat eachpunt besjoen soe dan ek de meiwurking wegere wurde moatte. Wy binne lykwols fan betinken, dat der yn it gefal fan de bysöndere skoalle fan Warten praat is fan bysûndere omstannichheden. De skoalle hie nammentlik gjin fak- of mienskipslokaal, sadat om dy reden der fan ôfsjoen is om it fakultative fak "handenarbeid" falie te litten. No't der nei de ferbouwing en utwreiding fan it eardere bysûndere beukerskoalgebou wol romte is om "handenarbeid" te jaan, wol men dochs noch in berop dwaan op de gemeente om de finansjele middels foar it nedige materiaal beskikber te stellen. Wy binne fan betinken dat der yn dit gefal in iftsûndering makke wurde moat en dat yn begjinsel de meiwurking ferliend wurde kin. Op in pear saken nei kinne wy wol akkoartsje mei de begrutting sa't dy foar jim by de stikken op besjen leit. Materiaal dat ornearre is foar tekenjen/skilderjen en tekstile wurkfoarmen wolle wy lykwols skrasse.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 41