-3- Me vrouw Aukes zegt dat haar fractie de motie niet mede heeft ondertekend. De reden daarvan is dat zij van mening zijn dat er wel bezuinigd moet worden op elk terrein. Onder andere de teruglopende aardgasopbrengsten nopen daartoe. In onze gemeente worden we nu geconfronteerd met een bezuiniging van plm. 60% en dat is wel erg rigoreus. Zij zou de motie kunnen steunen als daarin wordt opgenomen de zinsnede dat de bezuinigingen in deze omvang niet aanvaardbaar zijn. De hear Van der Baan is bang dat de betizing wol grut wurdt as mefrou Aukes seit dat hja wol foar besunigjen is mar dochs de moasje wol stypje wol. Steane hja derachter of net sa freget hy him of. Hy lykwols stipet de moasje om't ut de ferklearring fan it regear bliken dien hat dat der hielendal gjin ôfwaging west hat by dizze besuniging. Men is obsedearre troch it finansieringstekoart en ferliest dan eltse ridlikheid ut it each. It muoit him dat fannemiddei gjin inkelde fraksjefoarsitter ut de Twadde Keamer praten hat oer de ferheging fan de definsje-utgaven. Dat kin samar wylst mei dizze besunigingen snien wurdt yn it swakste diel fan'e maatskippij. Men is dan ek wol folslein ferkeard dwaande. Wethâlder mefrou Bloem fynt it in goede saak dat de rie him troch dizze moasje utsprekt. It is goed dat de gemeenten oan Den Haach dudlik meitsje dat dizze besuniging net mear kin. Yn in gemeente as uzes soe earder praten wurde moatte oer in ferheging fan'e bydrage om't de foarsjennings hjir eins mar minimaal binne. As dan ek noch de ryksbydrage mei mear as de helte fermindere wurdt dan kinne jo eins it sosjaal-kulturele wurk wol ferjitte. Derby moat betocht wurde dat de gemeenten de leste jierren al safolle besunigje moasten. Mevrouw Aukes blijft erbij dat haar fractie de motie wel zal steunen als in de eindconclusie de door haar genoemde zinsnede wordt toegevoegd. Het is maar een nuanceverschil, maar dat wil zij er wel graag in hebben. Mefrouw S. Zijlstra fielt der net foar de moasje middels de feroaring dy't mefrou Aukes utstelt, of te swakjen. As jo nei it ferline sjogge, op hokker wize hja alles opboud ha en rekken hâldend mei de besunigingen dy't al west binne, dan moatte alle seilen derby setten wurde om dit te kearen. De voorzitter concludeert dat het amendement van mevrouw Aukes niet wordt overgenomen. Het college heeft geen problemen met de motie. Vervolgens wordt de motie zonder hoofdelijke stemming aangenomen, met de aantekening dat de V.V.D.-fractie geacht wil worden te hebben tegengestemd. Punt 18 Mefrou Faber fynt it terjochte dat men oandacht freget foar de finansjele posysje fan'e arbeidsöngeskikten. In wichtich punt is dat ek yn us gemeente minsken fan guon belestings frijskatten wurde. It soe in goede saak wêze as alle mooglikheden dy't der binne ris op in rychje setten wurde yn in folder sadat men wit wêr't men wêze moat en wat der regele is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 5