-4- De hear Van der Baan fynt de reaksje fan It kolleezje op it skriuwen wat koel. Hy soe wolle dat der in brief giet nei it Bûn fan beheinden en arbeidsûngeskikten mei ut lis fan de sitewaasje sa't dy yn Boarnsterhim is Wethouder Poppen vindt dat een goede suggestie. Het is op zich geen grote moeite maar het geeft wel een blijk van waardering voor het werk van de bond. Er wordt gewerkt aan een overzicht waarin een aantal zaken op een rijtje worden gezet. Daarbij zullen dan ook de veranderingen die het gevolg zijn van de stelselherziening sociale zekerheid worden opgenomen. Punt 19 Yn'e fraksje is sein dat dit in wichtich rapport is, sa seit mefrouw Faber Hja fynt it dan ek wat summier op dizze wize dit stik of te dwaan. Yn'e twadde ôfdieling is it nochal wiidweidich besprutsen, mar it liket har goed de konkluzjes dy't der lutsen binne hjir nochris te herheljen. Yn'e ôfdieling is grutte soarch utsprutsen oer de gefolgen fan'e boaiemsakking ek op lânskiplik gebiet. De krektens fan'e prognoazes oangeande boaiemsakking binne yn'e kiif setten. It utbliuwen fan nije mjittingen yn us gebiet hat men harren oer utsprutsen. Mar foaral it feit dat de konsesjehâlders seis de sifers leverje moatte is men alhiel net bliid mei. It Steatstafersjoch op de Minen moat de konsesjehâlders aktivearje ta it dwaan fan mjittingen. Dat liket har lang net sterk genôch sein. Der moat mear barre as allinne aktivearjen. De boarrings moatte eins troch in ûnôfhinklike ynstânsje dien wurde. Hja fynt it dan ek terjochte dat it kolleezje nije boarrings wegere hat sa lang as der gjin dudlikheid is oer in skearegeling. Ek de gefolgen fan de boaiemsakking moatte troch in ûnôfhinklike ynstânsje fêststeld wurde en der moat in höndert prosint skeafergoeding komme. Der moat in oerliesorgaan komme dêr't gemeenten, provinsje en wetterskippen yn sitte om meiînoar in fust meitsje te kinnen nei de oaljemaatskippijen ta. De hear Van der Baan fynt dat der net safolle ta te heakjen is oan itjinge mefrou Faber sein hat. Op dit stuit is it it wichtichste dat it oerlis der komt en dat is hjir yn Fryslân tige yngewikkeld benammen omdat der meardere behearsynstânsjes binne. As Boarnsterhim moatte wy eins it foartou nimme yn dizze saak en stap nei de provinsje ta en regelje dat. Syn grutste soarch is dat der in fergelyk tusken Grinslân en Fryslân is dat yn it neidiel foar Fryslân utfalle sil. It gefal is dat him yn Grinslân ien totale sakking fan de boaiem foardoch wylst yn Fryslân meardere lytse gasfjilden binne dy't tichte byinoar lizze en dy't ûnôfhinklik fan elkoar sakje. Dêrtroch sil it folie slimmer wurde om by sakkings de goede maatregels te nimmen om de ferskillen op te heffen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 6