-4-
De hear Van der Baan fynt de reaksje fan It kolleezje op it skriuwen
wat koel.
Hy soe wolle dat der in brief giet nei it Bûn fan beheinden en
arbeidsûngeskikten mei ut lis fan de sitewaasje sa't dy yn Boarnsterhim
is
Wethouder Poppen vindt dat een goede suggestie. Het is op zich geen
grote moeite maar het geeft wel een blijk van waardering voor het werk
van de bond.
Er wordt gewerkt aan een overzicht waarin een aantal zaken op een
rijtje worden gezet. Daarbij zullen dan ook de veranderingen die het
gevolg zijn van de stelselherziening sociale zekerheid worden
opgenomen.
Punt 19
Yn'e fraksje is sein dat dit in wichtich rapport is, sa seit mefrouw
Faber
Hja fynt it dan ek wat summier op dizze wize dit stik of te dwaan.
Yn'e twadde ôfdieling is it nochal wiidweidich besprutsen, mar it
liket har goed de konkluzjes dy't der lutsen binne hjir nochris te
herheljen.
Yn'e ôfdieling is grutte soarch utsprutsen oer de gefolgen fan'e
boaiemsakking ek op lânskiplik gebiet. De krektens fan'e prognoazes
oangeande boaiemsakking binne yn'e kiif setten. It utbliuwen fan nije
mjittingen yn us gebiet hat men harren oer utsprutsen. Mar foaral it
feit dat de konsesjehâlders seis de sifers leverje moatte is men
alhiel net bliid mei.
It Steatstafersjoch op de Minen moat de konsesjehâlders aktivearje ta
it dwaan fan mjittingen. Dat liket har lang net sterk genôch sein. Der
moat mear barre as allinne aktivearjen. De boarrings moatte eins troch
in ûnôfhinklike ynstânsje dien wurde.
Hja fynt it dan ek terjochte dat it kolleezje nije boarrings wegere
hat sa lang as der gjin dudlikheid is oer in skearegeling. Ek de
gefolgen fan de boaiemsakking moatte troch in ûnôfhinklike ynstânsje
fêststeld wurde en der moat in höndert prosint skeafergoeding komme.
Der moat in oerliesorgaan komme dêr't gemeenten, provinsje en
wetterskippen yn sitte om meiînoar in fust meitsje te kinnen nei de
oaljemaatskippijen ta.
De hear Van der Baan fynt dat der net safolle ta te heakjen is oan
itjinge mefrou Faber sein hat.
Op dit stuit is it it wichtichste dat it oerlis der komt en dat is
hjir yn Fryslân tige yngewikkeld benammen omdat der meardere
behearsynstânsjes binne.
As Boarnsterhim moatte wy eins it foartou nimme yn dizze saak en stap
nei de provinsje ta en regelje dat.
Syn grutste soarch is dat der in fergelyk tusken Grinslân en Fryslân
is dat yn it neidiel foar Fryslân utfalle sil. It gefal is dat him yn
Grinslân ien totale sakking fan de boaiem foardoch wylst yn Fryslân
meardere lytse gasfjilden binne dy't tichte byinoar lizze en dy't
ûnôfhinklik fan elkoar sakje.
Dêrtroch sil it folie slimmer wurde om by sakkings de goede maatregels
te nimmen om de ferskillen op te heffen.