-6- Als er duidelijk contact is gezocht met wethouder mevrouw Bloem, die onder andere cultuur in haar portefeuille heeft dan snapt zij de reactie van het college, die duidelijk politiek was, niet. Op 13 juni heeft de voorzitter een vergunning aan Sportreal gegeven voor het optreden van de Luchtmachtkapel. Zij vraagt zich af of de voorzitter zich toen al niet gerealiseerd heeft wat hij nu als argument gebruikt voor de weigering. Vorige week woensdag was het college niet compleet. In de vergaderingen die daarna zijn geweest waarin het college wel voltallig was kon de voorzitter bij het staken der stemmen de doorslag geven. Zij vindt dat het college van daadkracht getuigd als het nu tot een heroverweging komt en zij dringt, zo dat niet is gebeurd, daarop aan. Zij is van mening dat deze zaak los gezien moet worden van de politieke elementen en de gevoelens van de raad daarover. De hear Van den Berg is bliid mei de utlis fan de foarsitter. As fraksje steane hja achter it prinsipjele stânpunt fan it kolleezje. Wol ha hja stilstien by de gedachtegong of it terjochte is dat it kolleezje by eat dat troch in partikuliere organisaasje op priemmen set wurdt, as offisjele ynstânsje ynskeakele wurdt. Hja fine it in ûnkrekte saak as de Loftmachtkapel mei ek in offisjele fertsjinwurdiging, it gemeentebestjoer min of te mear twingt by it konsert oanwêzig te wezen om't it oars net fergees kin. Mar de fraksje hat sein dat hja net it konsert kearre wolle as de minsken it besjogge as in kulturele oangelegenheid en dat dogge hja, sjoen de hantekeningen, allegearre. It is de fraksje best nei't sin as it kolleezje mei Sportreal besiket dochs noch de Loftmachtkapel nei Akkrum te krijen. De hear Van der Baan seit dat it ferhaal fan de foarsitter wol wat oars is as dat wat yn de kranten stien hat. Hy freget oft it totale kolleezje utnoege is of dat ek in fertsjinwurdiger foldwaande is. Hy hat begrepen dat wethâlder Breeuwsma wol wollen hie en dan wie miskien dêrmei de saak oplost. Lykwols fynt hy it wol wat in twingerij fan de Lof tmachtkapel dat men perfoarst it gemeentebestjoer derby hawwe wol. Dat komt net sa sympatyk oer. Wie it kolleezje op'e hichte fan it feit dat it konsert fergees wie as it kolleezje derby wie en dat it yn oare gefallen 20.000,kostje soe Troch de befolking is it konsert as in kulturele saak sjoen en net as in politike sa't it kolleezje dien hat. De hear Stallinga is it iens mei it stanpunt fan wethalder Breeuwsma. Hy fynt dat de hiele saak ut syn ferbân helle is. Wy libje no ien kear yn in wrâld dêr't in ynstitut as in leger is en wy soene allegearre leaver sjen as dat net sa wie. Mar as in diel fan dat leger, nammentlik de Loftmachtkapel in musykkonsert jaan wol en de minsken wolle der graach nei harkje, dan moat dat dochs kinne. Hy sjocht net yn dat de oerheid net mei dwaan kin oan dit konsert. It is seis in foarm fan fatsoenlikens

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1986 | | pagina 8