GEMEENTE BOARNSTERHIM
18. Utstel om in ekstra kredyt
beskikber te stellen foar de
ynrjochting foar de nije iepenbiere
basisskoalle yn Aldeboarn.
Oan de gemeenterie.
Grou, 7 novimber 1986.
Yn it ramt fan de bou fan de nije iepenbiere basisskoalle yn
Aldeboarn, hawwe wy yn ús dtstel fan 9 augustus 1985, nú. 38 al
oanhelle, dat foar de ynrjochting fan de skoalle op'e nij in kredyt
nedich is.
Mei it each dêrop hat de direkteur fan'e skoalle foar meubilêr en
fierdere ynrjochting om in ekstra kredyt frege fan meiinoar
68.903,88 (20% b.t.w. ynbegrepen)
Der kin steld wurde, dat men yn'e alde skoalsituaasje beskikte oer 5
lokalen (boppebou) en yn'e bysûnder neutrale beukerskoalle oer 2
lokalen (ûnderbou), wylst der gjin mienskipsromte wie.
Yn'e nije skoalle kriget men de beskikking oer 4 lokalen (boppebou),
1 lokaal (ûnderbou) en 1 mienskipsromte.
Op grûn fan it bekostigingsstelsel basisûnderwiis mei yn ferbân
dêrmei rekkene wurde op'e folgjende ryksfergoeding
4 lokalen (ferfangende nijbou)
4 x 3.023,— 12.092,—
1 lokaal (ferfangend beukerûnder-
wiis)1 x 2.551,— 2.551,—
1 mienskipslokaal (nijbou):
1 x 24.184,— 24.184,—
folslein 38.827,
Wat de lokalen "ferfangende nijbou" oanbelanget, moat der rekken mei
holden wurde, dat oanwêzich materiaal, dat noch brûkber is, ek yn'e
nije skoalle brûkt wurde moat.
It boppesteande hat foar ifs oanlieding west in petear mei it
personiel fan'e skoalle te halden, benammen mei it each op'e
ryksfergoedingsbedragen, dêr't heech ut op rekkene wurde kin. It
petear hat laat ta de folgjende opset:
le offerte wie: 66.393,92 wurdt: 32.568,
2e offerte wie: 1.835,75 wurdt: 1.235,75
folslein 68.329,67 33.798,95
Bykommende kosten:
ynrjochting learmiddelenberging 900,
ynrjochting toiletten 1.500,
gerdinen direkteurskeamer (fitraazje,
oergerdinen) 1.000,3.400,
f o ls lein
3/.198,/5