GEMEENTE BOARNSTERHIM
19. Utstel om meiwurking op grun fan
kêst 74 fan de Wet op it
basisönderwiis foar de ferfanging
fan f lierbedekking.
Oan de gemeenterie.
Grou, 7 novimber 1986.
Troch it bestjoer fan de feriening foar "Protestants Christelijk
Basisonderwijs" te Warten is in fersyk ynstjinne, rjochte oan jimme
ried, om meiwurking neffens kêst 74 fan de Wet op it baisûnderwiis
(WBU) foar de ferfanging fan de f lierbedekking yn twa besteande
lokalen fan it eardere beukerskoalgebou oan de Schoolstraat 2 te
Warten.
Hast alle aktiviteiten, dy't ûnder de Kleuter- en leger ûnderwiiswet
1920 ta it normale ûnderhâld rekkene waarden, binne ek Qnder de WBU
opnommen yn it program fan easken "preventyf ûnderhâld". De
fergoeding dêrfoar wurdt rjochtstreeks trochbetelle oan de
skoalbestjoeren, dy't ek eigner binne fan it gebou.
In oantal saken binne lykwols buten it program fan easken "preventyf
ûnderhâld" hélden. Under oaren de ferfanging fan flierbedekking
Under de Kleuter- en leger önderwiiswet 1920 waard der fan utgien
dat ferfanging fan flierbedekking yn begjinsel rekkene wurde moast
ta de eksploitaasjekosten. It WBU-bekostigingssysteem giet der
lykwols fan ut dat dy kosten falie under technysk of yngripend
underhâld.
De fergoeding foar de programma's fan easken foar technysk en
yngripend ûnderhâld wurde yn alle gefallen rjochtstreeks
trochbetelle oan de gemeenten. Dêrfandinne dat der yn begjinsel in
berop dien wurde kin op de gemeente om meiwurking op grun fan kêst
74, wannear't it giet om de ferfanging fan flierbedekking.
Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan de ferbou- en útwreiding fan
it eardere beukerskoallegebou te Warten foar de husfesting fan de
bysöndere basisskoalle te Warten, Om't der in oantal fêste kasten
utbrutsen wurde moasten, is de besteande flierbedekking sadanich
skansearre, dat reparaasje net mear mooglik is. De besteande
flierbedekking sil dan ek ferfongen wurde moatte. Nei alle gedachten
is dêr in bedrach fan 6.000,(eksklusief b.t.w.) mei muoit.
Wy stelle jim dan ek ut om de meiwurking op grûn fan kêst 74 fan de
WBU te ferlienen foar it ferfangen fan de f lierbedekking fan twa
lokalen fan it eardere beukerskoalgebou oan de Schoolstraat 2 te
Warten en dêrfoar in kredyt fan 6.000, de b.t.w. dêryn net
bef lapt beskikber te stellen.
De utjefte wurdt dutsen troch de Ryks-noarmfergoeding.
Burgemeester en wethouders der gemeente Boarnsterhim,
de secretaris, de burgemeester,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.