GEMEENTE BOARNSTERHIM 6. Utstel oer it ynfieren fan Fryske plaknammen. Oan de gemeenterie. Grou, 7 jannewaris 1987. Yn jim gearsit fan 19 novimber 1985 hawwe jim besletten om de nammen fan de doarpen yn 'e gemeente offisjeel yn it Frysk yn te fieren. Jim hawwe us doe opdracht jûn om in plan fan ynfiering te meitsjen en dat oan jim oan te bieden. Om't earst inkelde beswierskriften behannele wurde moasten hat it wat duorre ear't wy sa'n plan meitsje koene. Mei de beswieren is rekken hâlden by it ta stân kommen fan it plan. Dêrnei rûn de amtlike wurkgroep dy't it plan meitsje moast, tsjin swierrichheden oan yn ferbân mei it fasearjen fan it ferfangen en/of oanpassen fan de buorden. Fierders hat de wurkgroep oantangele sitten mei ûndúdlikens oer de kosten fan benammen it ferfangen fan de buorden en mei de P.T.T. dy't neffens in brief net meiwurkje woe. Op dit stuit binne de beide lêstneamde swierrichheden oer. Wilens hat de A.N.W.B. de kosten fan it oanpassen en/of ferfangen fan de eigen buorden trochjûn en hat de P.T.T. yn in parseber jocht te witten dien dat er meiwurkje sil. Us utstel oan jim bestiet ut trije ûnderdielen: 1. it fêststellen fan de doarpenammen 2. it fêststellen fan in ynfieringsskema 3. it utlûken fan kredyt. ad. 1 De Geakundekommisje Boarnsterhim hat tenearsten opdracht krigen om in list gear te stallen mei alle doarpenammen yn it Frysk yn de krekte stavering. Dêrnei is dy list oan de Fryske Akademy om advys foarlein. De Akademy koe mei de list ynstimme. Op grûn fan die foarskiednis riede wy jim om de nammen as folget fest te stellen: Akkrum, Aldeboarn, Dearsum, Eagum, Friens, Grou, Idaerd, Jirnsum, Tersoal, Nes, Poppenwier, Raerd, Roardhuzum, Sibrandabuorren, Terherne, Tersoal, Warstiens, Warten, Wergea. De stavering fan Idaerd en Raerd is hjir oars as dy fan de Geakundekommisje (idaard en Raard). Wy miene nammentlik dat de histoaryske kant fan de nammejouwing hjir swierder weagje moat as de krektens fan de hjoeddeiske stavering mei aa. Tagelyk kin de gemeente betizing te foaren komme mei it Raard by Dokkum. ad2 Sa as hjirboppe al oanjûn is binne der swierrichheden sinjalearre, wannear't it ferfangen fan de buorden fasearre plak fine soe. It wichtichste argumint foar in fasearre ynfiering wie de ûnwissens oer de kosten. De A.N.W.B. hat by brief fan 19 novimber 1986 in opjefte fan kosten dien. De kosten meiinoar binne, lyk as ut'e brief, dy't by de stikken op besjen leit, bliken docht 130.299,17 (b.t.w. net ynbegrepen) 0001V 68

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 22