-2- As de b.t.w. dêryn beflapt wurdt, binne de kosten 156.360, Dit léste bedrach kin net alhiel tarekkene wurde oan de ynfiering fan de Fryske plaknammen. Der is nammentlik tagelyk sprake fan de ütfiering fan neilitten ûnderhâld oan de buorden yn it ferliene. Soks docht ek wol bliken út it oersjoch dat de A.N.W.B. us tagelyk mei de priisopjefte takomme litten hat. De A.N.W.B. sil safolle mooglik folstean mei plakstroken oer de opskriften, dy't wizige wurde moatte. As it nedich is sil in boerd yn syn gehiel of foar in part ferfongen wurde. Hjirmei wurdt doelt op it boppeneamde neilitten ûnderhâld. Soks omfiemet 12 buorden yn de eardere gemeente Raarderhim, 3 buorden yn de eardere gemeente Idaarderadiel en 1 boerd yn de eardere gemeente Utingeradiel De ferfanging fan dizze buorden kostet 34.927,de b.t.w. dêryn beflapt De kosten dy't tarekkene wurde moatte oan de ynfiering fan it Frysk binne op dit mêd te stellen op in bedrach fan 121.433, Foar de ütfiering fan de plannen sil lykwols een bedrach nedich wêze fan 156.360, Oan in fasearre ynfiering wol de A.N.W.B. net meiwurkje. Ien fan de beswieren fan de öndernimmers is dat de doarpen aanst faaks hast net mear te finen binne yn'e telefoanboeken. No't de P.T.T. te witten dien hat, dat hja meiwurkje sil oan'e ynfiering, kin dat probleem opheind wurde troch in ienfâldige ferwizing fan de âlde nei de nije doarpsnamme op te nimmen. De kosten fan de ferwizings kinne ek neffens de P.T.T. net ferhelle wurde op'e gemeente. De Topografyske Tsjinst hat tasein, dat, wannear't it materiaal oanlevere wurdt foar april 1987, hja de Fryske nammen hantearje sille by it opmeitsjen fan de nije topografyske kaarten, dy't yn 1989 of wat letter utkomme sille Mei it each op it boppesteande stelle wy jimme rie ut it neikommende ynfieringsskema fêst te stellen. 20 jannewaris 1987 Jannewaris/ febrewaris 1987 Jannewaris/ febrewaris 1987 Jannewaris 1987 - desimber 1987 1 jannewaris 1988 nammen fêststelle; ynfieringsskema fêststelle; kredyt utlûke. befolking, pleatslike belangen, en ferienings fan öndernimmers foarljochtsje berjocht fan offisjele ynfiering stjoere oan A.N.W.B., P.T.T., Topografyske Tsjinst, N.S. en rykswettersteat befolkingsadministraasje administraasjes oanpasse. en oare offisjele ynfieringsdei fan de frysktalige nammen Desimber 1987 - jannewaris 1988 kombuorden, rjochtingsbuorden en NS-buorden oanpasse 0001V 69

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 23