-2-
As de b.t.w. dêryn beflapt wurdt, binne de kosten 156.360,
Dit léste bedrach kin net alhiel tarekkene wurde oan de ynfiering
fan de Fryske plaknammen.
Der is nammentlik tagelyk sprake fan de ütfiering fan neilitten
ûnderhâld oan de buorden yn it ferliene.
Soks docht ek wol bliken út it oersjoch dat de A.N.W.B. us tagelyk
mei de priisopjefte takomme litten hat.
De A.N.W.B. sil safolle mooglik folstean mei plakstroken oer de
opskriften, dy't wizige wurde moatte. As it nedich is sil in boerd
yn syn gehiel of foar in part ferfongen wurde. Hjirmei wurdt doelt
op it boppeneamde neilitten ûnderhâld. Soks omfiemet 12 buorden yn
de eardere gemeente Raarderhim, 3 buorden yn de eardere gemeente
Idaarderadiel en 1 boerd yn de eardere gemeente Utingeradiel
De ferfanging fan dizze buorden kostet 34.927,de b.t.w. dêryn
beflapt
De kosten dy't tarekkene wurde moatte oan de ynfiering fan it Frysk
binne op dit mêd te stellen op in bedrach fan 121.433,
Foar de ütfiering fan de plannen sil lykwols een bedrach nedich wêze
fan 156.360,
Oan in fasearre ynfiering wol de A.N.W.B. net meiwurkje. Ien fan de
beswieren fan de öndernimmers is dat de doarpen aanst faaks hast net
mear te finen binne yn'e telefoanboeken. No't de P.T.T. te witten
dien hat, dat hja meiwurkje sil oan'e ynfiering, kin dat probleem
opheind wurde troch in ienfâldige ferwizing fan de âlde nei de nije
doarpsnamme op te nimmen. De kosten fan de ferwizings kinne ek
neffens de P.T.T. net ferhelle wurde op'e gemeente. De Topografyske
Tsjinst hat tasein, dat, wannear't it materiaal oanlevere wurdt foar
april 1987, hja de Fryske nammen hantearje sille by it opmeitsjen
fan de nije topografyske kaarten, dy't yn 1989 of wat letter utkomme
sille
Mei it each op it boppesteande stelle wy jimme rie ut it neikommende
ynfieringsskema fêst te stellen.
20 jannewaris 1987
Jannewaris/
febrewaris 1987
Jannewaris/
febrewaris 1987
Jannewaris 1987 -
desimber 1987
1 jannewaris 1988
nammen fêststelle;
ynfieringsskema fêststelle;
kredyt utlûke.
befolking, pleatslike belangen, en
ferienings fan öndernimmers foarljochtsje
berjocht fan offisjele ynfiering stjoere
oan A.N.W.B., P.T.T., Topografyske Tsjinst,
N.S. en rykswettersteat
befolkingsadministraasje
administraasjes oanpasse.
en
oare
offisjele ynfieringsdei fan de frysktalige
nammen
Desimber 1987 -
jannewaris 1988
kombuorden, rjochtingsbuorden en NS-buorden
oanpasse
0001V 69