-3- Wy wolle net útslûte dat de ynfieringsdatum wat mei efteren opskood wurde moat, as bliken dwaan soe dat fanöt it bedriuwslibben of skossawat dêrom frege wurdt. Mei jimme ynstimming wolle wy graach de mooglikheid hawwe om ûs fleksibel opstelle te kinnen. Yn de earste Ôfdieling is dit ek bepraat wurden. In fersyk dêrta hawwe wy lykwols noch net krigen. Wy merke op dat ynearsten allinne de kombuorden fan Aldeboarn en Terherne ferfongen wurde sille en fierdersoan de fertutearze frysktalige kombuorden yn de eardere gemeenten Rauwerderhem en Idaarderadeel. De kosten dêr fan binnen leech en kinne hoede wurde troch de post yn'e begrutting fan 1986 "onderhouden en vervanging wegwijzers" 5.000,De buorden wurde optheden besteld en yn desimber 1987 delset. Wy binne fan doel om twa jier lang by Aldeboarn en Terherne ûnderbuordsjes del te setten mei de "alde" nederlânsktalige nammen fan dy doarpen. Dat omdat de Fryske namme frijwat ôfwykt en net earder op 'e kombuorden stien hat. ad. 3. De kosten fan it ferfangen en/of oanpassen fan de buorden binne 130.299,17 (b.t.w. net ynbegrepen). De b.t.w. der by berekkene wurdt dat in bedrach fan 156.360,It is it doel om dat bedrach yn 15 jier Óf te skriuwen. Wy stelle jimme rie ut om dat oangeande in kredyt fan 156.360, beskikber te stellen Wat de gemeente-begrutting foar 1987 oanbelanget, sil in bedrach fan 22.930,op foarhân foar rekken fan'e post "unfoarsjoen" komme. Yn begin jannewaris 1987, by it op'en nij besjen fan de gemeentlike begruttingsposysje, sil de post foar "unfoarsjoen" sa mooglik wer ferhege wurde. De briefwiksel mei de A.N.W.B.P.T.T., Topografyske Tsjinst en oare stikken dy't mei de nammejouwing te krijen hawwe, lizze foar jim om yn te sjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0001V 70

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 24