-5- Hy fynt dat hja de saak út syn ferbân lûkt. De opmerking dat hjir mei twa maten mjitten wurdt wol hy tsjin protestearje. Mefrou Watzema bringt yn it neitinken dat KORTI Grou koartlyn 22.000,betelje moast foar in parkearfoarsjenning. Neffens wethâlder Breeuwsma is der alhiel gjin sprake fan mjitten mei twa maten. Dizze stifting hat kâns sjoen troch subsydzjes in goed önderkommen te krijgen. De gemeente hat der belang by dat de maatskiplike tjinstferliening goed funksjonearret. Der is gjin gemeentlike bydrage west oan it tastânkommen fan it gebou. Der wurdt no allinnich meibetelle foar de rânefoarsjenning en dat liket him wol op syn plak. Dêrneist, sa seit er, is oan bedriuwsferpleatsing al in protte jild útjûn. Hy hat gjin ynsjoch yn de jildlike middels, mar is fan betinken dat de gemeente dochs op dizze wize bydrage moat. Wethâlder mefrou Bloem seit dat foar subsidiearre ynstellings de romte fan ynvestearjen fêststeld wurdt troch it ryk. It liket har in goede saak te besykjen dit soarte ynstellings yn ús gemeente te hâlden en dêr helt dit útstel oan mei. Mevrouw Aukes wil graag stemming over haar voorstel te proberen van de Stichting een eigen bijdrage te krijgen. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel te zijn verworpen met 13 stemmen tegen. V66r hebben gestemd de leden Aukes, S. Bouma en Watzema. Vervolgens wordt zonder hooofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 16. Voorstel tot het nemen van een aanvullende verkeersmaatregel op Hilleburen te Warga. Mefrou Faber seit dat op dit stuit it riedsbeslút fan in heal jier lyn ferkeard útfierd wurdt. Hja freget oft no aanst wol de goede boerden pleatst wurde kinne. De voorzitter zegt dat er op zal worden toegezien dat de juiste borden geplaatst worden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 17. Voorstel tot verlaging van de tarieven voor de levering van aardgas De hear Van der Baan seit dat foar in tal wenten yn Jirnsum (Dekemahiem) noch gjin ófrekken oer 1985 west hat. Hy fynt it tige frjemd dat de gemeente it jild fan dizze âlderein yn'e bûse hâldt. Dizze minsken meie net twongen jildsjitters fan de gemeente wêze. Hy freget wat der dien is mei de opmerking oer de kwantumkoarting torch ûs fertsjintwurdiger yn de VEGIN. De hear Bethlehem hat der al ris faker op wiisd dat we eins óf moatte fan blok- as wykferwarming, omdat dat ynhâldt dat guon minsken, dy't net de hiele dei thús binne, meibetelje foar oaren dy't dat wol binne. It soe dus goed wêze dat der yn elts hûs in meter komt. 0001N 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 7