-10-
De hear Stallinga seit:
"Foarsitter,
It docht ûs deugd dat de begrutting foar 1987 2\ moanne earder
klear kommen is as dy fan 1986. Dat troch it deistich bestjoer
besocht wurdt de begrutting foar 1988 noch earder klear te
krijen is in stribjen dêr't wy fansels mei ynstimme.
Foar de no levere ynspanning sizze wy alle meiwurkers fan ûs
gemeente tige tank.
It hat net neat west en as wy sjogge nei de stapels stikken dy't
wy krije is de ein der stadichoan fan wei. Mar ja, de riedsleden
wolle no ienris alles witte. Lykwols alles witte makket net
lokkich en al bielendal net wanear't wy nei dizze begrutting
sjogge.
De begrutting slût en dêr is't mei sein. It komt oer as "noch
efkes en dan binne wy artikel 12 gemeente". Net bést dus.
It soe lykwols noch minder wêze as wy ûs by dizze sitewaasje
dellizze soene. Dat is, nimme wy oan, net it doel fan it
deistich bestjoer en ek al hielendal net fan ös fraksje. Mindere
tiden appellearje oan'e ynventiviteit en oan de kreativiteit
fan'e minske, dêr sille wy it fan hawwe moate de kommende
j ierren.
En boppedat, tiden hawwe tiden.
Us fraksje nimt dan ek kennis fan de minne finansjele posysje en
wol dêr út wei besykje om te kommen ta in goed en sûn belied.
Sjoen it tal önwissichheden wat de finânsjes oanbelanget is it
op dit stuit tige nuodlik om ta Ôfwoegen algemiene skôgings te
kommen, want salang, en ik sitearje "er in diverse vaten van de
specifieke uitkeringen zoals onderwijs, W.V.C. en Sociale Zaken
nog wat zit" is it tige slim no al oer dizze begrutting te
praten. Mei it ûtstel fan b. en w. "begin volgend jaar te
discussiëren over wijzigigen, waarbij het beleid meer aandacht
krijgt" kinne dy dan ek ynstimme.
Nei ös betinken soe it ek net ferstannich wêze om no de saken yn
it fet te jitten en alles it oare jier noch ris oereidzje te
moatten. Wy pleitsje der dan ek foar om it hiele belied op'e nij
te besjen as alles wat de finânsjes oanbelanget bekend is.
Foarsitter, hjir wolle wy it lykwols net by litte.
Wy binne fan betinken dat as wy in goed en dus fundearre beleid
meitsje wolle, wy op syn minst beskikke moatte oer in goed
mearjierreprogram, dat basearre is op prioriteiten dy't troch de
ried fêststeld binne. Wy fan ûs kant hawwe besocht dêrta in
oanset te jaan. Mar earst eat oer de troch jimme oanbeane
0004V 10