-12-
By it meitsjen fan'e prioriteiten foar elts ûnderdiel sil it
deistich bestjoer mar ek de ried rekken hâlde moatte mei
bygelyks
a. it feit oft er noch subsydzjes, bydragen of
"verfijnings"-regels foar jilde (bygelyks foar rioelearring)
b. oft it wurk ek as saneamd wurk mei wurk útfierd wurde kin, ek
al moat dan efkes wachte wurde (bygelyks oanlis rioelearring
en strjitmeitsjen)
c. oft it wurk ek yn grutter ferbân ötfierd wurde kin (bygelyks
yn'e ruilferkaveling of by oanlis Rykswei 32);
d. oft we net mei kapitaalferneatiging dwaande binne troch eat
fersuterje te litten (bygelyks gebouen, sportfjilden)
e. oft it net better is foar yndustryterreinen yn terminen
betelje te litten of dy noch foar legere prizen óf te
stjitten of wei te jaan)
f. oft we foar bepaalde saken net mear oparbeidzje moatte mei it
bedriuwslibben (dat koe wol ris gaaliker wêze)
g. seis gjin wurk dwaan wat in oar bedriuw mooglik better en
goedkeaper dwaan kin (bygelyks enerzjyöndersyk)
h. eltse besteande post noch ris kritysk neirinne, saaklik
besjen en gjin romte jaan oan ûneigenlike arguminten;
i. dódlik de ferantwurdlikheden oanjaan (bygelyks oanlis
rioelearrings en bou fan'e Twine);
j. fierder wurkje oan it opsetten fan in goed ünderhâldsprogram
foar de kommende jierren, sadat preventyf en net kuratyf
wurke wurdt
k. neigean of bepaalde saken net soberder ûtfierd wurde kinne
(bygelyks de ütfiering fan'e Stasjonstrjitte te Grou).
Foarsitter, en nei alle gedachten sille der noch wol mear punten
oan te jaan wêze om ta in goeie prioriteitstelling te kommen.
As wy der yn slachje om sa oan it boppesteande ynhâld te jaan
dan kinne de ûnderskate önderdielen en projekten goed tsjin
elkoar ôfwoegen wurde en is it mooglik om in goed mearjierreplan
foar ús gemeente te meitsjen. Jierliks kin sa'n planning oanpast
wurde en fansels ek wannear't twingende sitewaasjes dêrom
freegje.
Mar dêrfoar is nei ós betinken ek nédich dat alle meiwurkers fan
ûs gemeente meitinke om ta sa'n opset te kommen. En dat is
allinnich mooglik as der in klimaat hearsket dêr't it goed is om
yn te wurkjen. Mei elkoar moatte we dêrfoar stean en dêryn is de
iene like wichtich as de oare. Oer en wer is nédich dat der
betrouwen is tusken de minsken, fan heech oan't en mei leech.
Foarsitter, elke regel hat ûtsûnderingen en sa ek hjir.
Wy witte net hoe lang it doarje sil wannear't alles knipt en
naaid is. Mas as dat lang duorje moat dan soene wy wol tige
jimme omtinken freegje wolle foar de folgjende ûnderwerpen:
a. it opheljen fan chemysk ôfeart mei nei ûs betinken net langer
mei wachte wurde;
b. de brânwarkwestje moat oan'e kant;
0004V