-14-
De P.T.T. hat yn gâns brieven dúdlik makke dat se har net
Ôfsidich hâldt as it giet om de politike beslötfoarming
oangeande de plaknammejouwing.
Dy plaknammen moasten Hollânsk bliuwe. Oer Wijnjewoude en
Vegelingsoord hawwe wy har net heard. Fan Hollânsk nei Hollânsk
is gjin beswier.
Wêrom docht de P.T.T. sa?
In ieuwenâlde tradysje wol, dat bûtendyks lân dat op hichte
leit, ynpoldere wurdt. Op dy wize wurdt goed en fruchtber lân
feilich steld en de feiligens fan de Friezen tsjin de see oer
garandearre. In benammen Hollânsk orriëntearre Waadklub hat kâns
sjoen dy yn ieuwen opboude tradysje oan kant te reagjen.
It krewearjen fan politike C.D.A.-, V.V.D.- en
P.v.d.A.-regiofertsjinwurdigers hat gjin ynfloed op har politike
maten yn Den Haach hân.
It yn Fryslân berikte akkoart tusken linbou- en
miljeuoarganisaasjes dat al in minimaal kompromis wie, hat yn
Den Haach gjin kâns krigen. Wêrom wurdt Fryslân oan e kant
skood?
De dongwetten dy't Den Haach makke hat sille needsaaklik wêze
foar de Branbânske boerebedriuwen. De Fryske boeren binne net
mandélich oan de dongoerskotten.
Wêrom hjir al wer in unifoarme steatswet?
Lit ûs no ris in amerij yn it ferline sjen.
Yn 'e iere Midsieuwen oant sa likernôch 1500 hat Fryslân in
perioade fan grutte bloei belibbe. It Frysk waard as bestjoers-
en rjochtstaal brûkt.
Neidat Fryslân Onder it Dútske en dêrnei under it spaanske
bewâld kaam ferdwûn it Frysk as bestjoers- en rjochtstaal.
Sosjaal-ekonomysk die Fryslân lykwols noch folop mei. Fan 'e
gewesten hie it nei Hollân it 2e plak. As Fryslân nei 1800 yn
Frânske hannen komt en nei in unitaristyske steatsgreep yn 'e
tiid dêrnei part Otmakket fan it sintralistysk opboude
Koninkrijk der Nederlanden, giet it sosjaal ekonomysk hurd
efterût. Ek kultureel hie it gefolgen. It Hollânsk
(Nederduitsch) waard yn 'e sintrale wetten fan 1803 en 1806
ferplichte en wurdt yn guon publikaasjes de rie jûn om "toch
vooral het vriesch boers niet te gedogen". Pas 100 jier letter
jouwe de Provinsjale Steaten fan Fryslân in subsydzje foar Frysk
bûten skoaltiid.
Yn 1937 "kan onder lezen en taal enige kennis van de streektaal
begrepen zijn" en kin it Frysk noch net mei namme neamd wurde yn
de wet.
Yn 1955 mei it Frysk wol as fakultatyf fak tafoege wurde en as
fiertaai brûkt oant yn 'e 3e klasse omdat it didatysk better
foar it Hollânsk ûtwurket!
Yn 1974 wurdt it Frysk as fiertaal troch de hiele skoalle
tastien en wurdt it yn 1980 as ferplichte fak ynfierd. 177 jier
nei it ferplichte Hollânsk.
0004V 14