-15- Foar it fuortsette en bûtengewoande ûnderwiis is oan no ta neat regele en leit it noch foar fögellân. Dizze hjoeddeiske sitewaasje is in gefolch fan de yn it ferline ûntstiene machtsferhâldingsIt binne Haachske sintralistyske machtsferhâldingslikegoed op sosjaal as ek op kultureel mêd. Folie mear foarbylden binne mooglik. Ik ferwiis nei Sjvan der Schaaf syn "Skiednis fan de Fryske Beweging" (1977). Is it wol goed sa? Elts dy't it goed mient mei de sosjaal-ekonomyske öntjouwing fan Fryslân moat my dat mar ris dúdlik meitsje. Wat moat der dan dien wurde? It fynplakfoardielroyaltys of hoe't wy de omskriuwing ek kieze, sil opeaske wurde moatte. In part fan de gaswinsten sil yn ûs regio bliuwe moatte. In persintaazje fan 1% fan dy winsten, oprinnend ta 10% is in ridlik part. Op dy wize trochbrekke wy it ekonomysk machtsblok fan de ûnder oaren troch ûs ierdgas ryk wurden Rânestêd en kinne wy de foar ús regio needsaaklike ynfrastrukturele ferbetterings ta stân bringe. De Rânestêd sil op dy wize meiprof itear je kinne fan ús ekonomyske foarûtgong. Bedriuwen dy't rekken hâlde wolle mei ús taal, binne wolkom. Federalisearring fan de steatsstruktuer sil neistribbe wurde moatte. It moat gean om in federalistysk Fryslân yn in federalistysk Europa. Gâns mear sitten as de F.N.P. no hat kinne dêr ta bydrage. Ek net F.N.P.-ers wurde stadichoan- te stadich lykwols-wekker. De Jonge Soasjalisten hjirre wolle harren net langer ferstjinwurdigje litte yn it lannelik bestjoer fan harren partij. Hja krije yn 'e rekken - 25 jier nei it oprjochtsjen fan de F.N.P. - dat wy baas op eigen hiem wêze moatte. Sokke tekens, ek yn 'e fakbeweging binne dy te merkbiten, jouwe wer wat hope op feroarings. Wêrom wol autonomy foar 52 Amerikaanske Steaten, de Bundesländer, de kantons yn Switserlân, Baskenlân, Kataloanje en Wales? Wêrom Fryslân krekt net? It freget in tinken wei út in selsbewuste hâlding, in hâlding fan selsrespekt. It freget dat gâns Friezen harsels emansipearje, losmeitsje fan de idee dat it sintralistysk steatsnasjonalisme goed foar ûs is. It is goed foar Hollân. Fryslân is fan it twadde plak ôfsakke nei ien fan de lésten yn 'e léste 180 jier fan it sintralistysk Koninkrijk. Kultureel hat it laat ta in minderweardichheidskompleks identifikaasje mei de sintralistyske ferhûddûker, in bekend psychologysk ferskynsel, dus ta selsferleagening en selsdiskriminaasje. Friezen binne ferleard de wrakke sosjaal-ekonomyske en taalpolitike sitewaasje te analysearjen út syn ûntsteane histoarje wei, út syn machtsmanipulaasjes wei. Sa is werklik kritysk tinken ûnmooglik wurden. Sa kin ek it ferset fan minsken tsjin eigenl Fryske! plaknammen ferklearre wurde. De breinwosken kulturele stakkerts binne in logysk produkt fan ieuwenlange skeefgroei dy't dan as normaal akseptearre wurdt. 0004V 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 18