-40-
Hja freget har óf oft de besunigingen foar de mesykskoalle wol helber
binne en hoefier it is mei it oerlis oer it mesykûnderwiis
De fraach fan ferline jier oer it pjuttewurk is noch neat mei dien. It soe
goed wêze dêr dit jier ris nei te sjen. Mooglik kin de wolwêzenskommisje
dit jier besjen oft de prioriteitstelling ek oanpast wurde moat oan it
kolleezjeprogram dat fan't maitiid bekend is.
Wethâlder mefrou Bloem seit dat it kolleezje goed ôfwûgen hat wat der barre
moast mei de besunigingen fan Brinkman. Foar in gemeente as uzus soe it
ellindicb wêze as dy hielendal trochfierd wurde soene. Dêrom is keazen foar
in trochberekkening foar in part. Dan liket it derop dat alles wol aardich
slagge is en dat it wurk wol moai trochrinne kin.
De fraach oer it better beleanjen fan minsken dy't pjuttewurk dogge is
yndied net beantwurde en hja seit ta dat nochris oan de Wolwêzenskommisje
troch te jaan.
It fereveningsfûns is yndied earne oars foar bedoeld as wer it no foar
brökt is. It is moai dat it der is, oars hie it noch rigoereuzer gong mei
it koartsjen. No ommers hawwe de fereinings noch krije kind wat hja frege
ha. De wolwêzenskommisje tinkt optheden nei oer de wurkwize en ek oer de
prioriteitstelling. Hja besjogge oft it, sa't it no giet, wurkber is of dat
der miskien in ienfâldiger wize fan subsydzjetakenning mooglik is. Op dit
stuit binne der noch gjin neiere kontakten mei de mesykskoalle west en dat
komt omt pas sûnt in pear wiken de begrutting fan de regio fêststeld is. Yn
de mesykkommisje is al wol oanjûn dat wy minder jild besteegje wolle oan it
mesykûnderwiis. De fraksje fan Boarnsterhim hat dan ek tsjin dat diel fan
de begrutting fan de regio stimd. Mear is der noch net bekend.
9. Voorstel tot vaststelling van de meerjarenraming dorpsvernieuwing 1987 -
1991 alsmede het verdelingsbesluit dorpsvernieuwing 1987.
De hear Nieuwdam wol graach memorearje dat de wize wêrop as it rapport
gearstald is syn fraksje tige oansprekt en dat it dochs noch mooglik west
is alle opmerkings fanût de doarpen mei te nimmen.
Syn fraksje konstatearret dat it jild dat der beskikber is mar minimaal is.
Dêr is neat oan óf of ta te dwaan.
Hja hawwe fernommen dat de gemeente Zaanstad it oprêden hat de
deklaraasjestop opheven te krijen en dat hja no noch jild krije. Hy freget
oft wy as gemeente der ek wat oan dwaan moatte. Tink oan de moasje dy't
ferline jier oannommen is.
As it sa wêze mocht dat it jild út de deklaraas jestop werom komt dan wolle
hja op foarhân der foar in diel al in bestimming oanjaan, nammentlik it
projekt Greidhoeke-East.
Hy wol freegje oft der al prikken yn it wurk steld binne om de publisiteit
oer oanfragen foar subsydzje wenteferbettering better foarelkoar te krijen.
De hear Van der Baan fynt it in tige oersichtlik gehiel. Dêrfoar in
komplimentIt iennichste dêr't it oan mankeart is jild. De rie krige yn'e
ófrune tiid te krijen mei allehande útstellen, dy't op harrensels wol goed
wiene, mar de mooglikheid fan ófwaging tsjin oare plannen oer wie der net.
De priorieteiten leinen net sa bot fêst en it wiene gauris tafallige saken
dy't oan'e oarder kamen.
Dêrtroch is it nei de takomst ta allegear wol wat op slot kaam te stean. Hy
hopet dat dat feroarje sil. It jild kin mar ien kear ûtjûn wurde en dêrom
moat der in goede Ófwaging plakfine tsjin de oare plannen oer.
Mevrouw Aukes zegt dat het plan op zichzelf duidelijk is. Er is ook
inspraak mogelijk geweest op de verdeling van de gelden voor 1987. Zij
heeft de indruk gekregen dat de insprekers niet in de gaten hadden dat hun
ideeën en suggesties geen invloed meer hadden voor het komende jaar. Om te
voorkomen dat het volgend jaar weer zo gaat wil zij dat de inspraak eerder
wordt gestart.
0004V 40