-10-
De kosten hawwe ek altiten in rol spile. Doe't de tonnen him
opstapelen hat syn fraksje sein dat earst mar ris ûtsocht wurde
moast wat it kostet as it ynfieren meinommen wurdt yn it wurk. It
jildt nammers foar alle hanneljen fan dizze rie dat de kosten
goed besjoen wurde.
It mei, nei de tiid dy't dat nommen hat, der no ek op lykje dat
de kosten behoarlik werombrocht binne. Ynstansjes binne oer't
generaal ré om mei te wurkjen.
It bedriuwslibben hat besifere dat it harren noch al wat kostje
soe. Hy tinkt dat as hja wat mear tiid krije de kosten ek minder
wêze sille.
Dit útstel is in slútstik yn it hiele barren en dêrom is der
yngeand oerlis west mei de oare fraksjes.
Derút binne inkelde wizigings fan it ûtstel nei foaren kaam.
Tenearsten Idaerd en Raerd wizigje in Idaard en Raard en
Roardhuzum yn Reduzum. Foar in grut part is der oansletten by de
Geakundekommisje en de Fryske Akademy. Allinne foar Roardhuzum
wie dat it minderheid fan dy kommisje.
Twaddens de termyn fan ynfiering bringe tusken 1 jannewaris 1988
en 1 jannewaris 1990. It bedriuwslibben krijt dan wat mear tiid
om de feroarings troch te fieren.
Treddens de lesten net ôfskriuwe yn 15 jier mar dwaan as in
ûtjefte ynienen.
As léste yn syn petear wol hy omtinken jaan oan'e enkête. Sawat
de helte fan'e minsken hat dêroan meidien. It risseltaat lit sjen
dat in protte minsken in twatalige oantsjutting hawwe wolle. Hy
hat wurdearing foar de oanpak fan dizze enkête en it wurk fan al
dy frijwilligersOm reden dat der yn in protte hûshâldens no
diskussearre is oer al as net fryske plaknammen hat de enkête in
goede bydrage west oan de mieningsfoarming.
Hy hopet en ferwachtet dat de ynfiering fan fryske plaknammen de
spesifike posysje fan Boarnsterhim fersterkje sil en dat it
befoarderje sil dat it wenjen, wurkjen en rekreëren yn dit unike
gebiet fierder syn wei fine sil.
De hear Van der Baan seit dat hy in oare miening oer de enkête
hat. Yn de enkête komt ta útdrukking dat foar frysk 1070 minksen
binne en allinne nederlânsktalich 701. Hy lûkt dêrût de konklözje
dat der 370 stimmen mear binne foar allinne frysktalige
plaknammen. In oare ferliking is net te meitsjen want de enkête
is op himsels tekoart sketten yn syn fraachstelling. Yn de enkête
waard nammentlik oanjûn dat der in moogl ikheid wie fan
twataligens. Dat wie lykwols yn de praktyk net mooglik ek al
omdat de kosten oardel twa kear sa heech wêze soene en der
boppedat in bliuwende betizing wêze soe. Ek it ryk, NS, ANWB
hawwe sein dat hja net oan dy fariant meiwurkje woene. Dus, mis
enkête, dat wie in blunder. De Pleatslike Belangen hiene ek
betinke moatten dat as jo in enkête hâlde wolle, jo earst in
stûdzje fan it Onderwerp meitsje moatte.
De gewoane minksen witte net de saak yn it goede ramt te
pleatsen. Dat ramt is dat wol in taal oerlibje, it nédich is tal
fan maatregels te nimmen en dêr past no krekt dy nammejouwing yn.
En as sadanich is it ek bedoeld. Soene wy it monopoolje oan it
hollânsk jaan dan ferdwine dêrmei de fryske nammen.
As de lju yn de enkête dêr tsjin binne hawwe hja te kennen jön
gjin ynsjoch te hawwen yn'e taalproblematyk. Dêrom is in enkête
eic net op syn plak. De gewoane minsken, dus ek de Pleatslike
0007V