-11- Belangen, hawwe dat ynsjoch net en dêrom is der allinne frege nei foaroardielen. Troch in bepaalde ûntjouwing is der in stik ferfrjemding optreden. De maatregels dy't de gemeente nimme moat, moatte de ferfrjemding opheffe. Dêrom is de kostenfaktor dan ek yrrelevant. Yn it bûtenlân gnize se om soks, mar yn ûs boekhâlderssteat sille we de saken nochris op'e ny besjen moatte en tsjinelkoar ôfwage. It soe nammentlik wêze kinne dat in doarpshûs as lantearnepeal net trochgean kin. In lantearnepeal is net identiteitsbepalend en in taal wol. In taal beynfloedet it fielen en tinken de hiele dei, jier yn en jier út. De taal is de útdrukkingswize fan it yndividu en it folk. It ferlykjen fan taal en lantearnepeal kin net. It binne grutheden fan folslein ferskillende oarder. Yn de hystoarje is in prinsipieel ferkearde sitewaasje ûntstien ûnder ynfloed fan ferkearde machtsferhâldingsOan dy ûnrjochtfeardige sitewaasje komt no in ein troch de fryske nammen yn it offisjele ferkear te brûken en dêr is hy bliid mei. Hy hat him achter it útstel fan de PvdA set. Fan de kostenfaktor wol hy noch wat sizze. Yn de rin fan de jierren hat de PTT altyd wer besocht as anti-fryske ynstelling op in skandalige wize polytyk bedreaun, mei it driigjen fan skeaclaims fan leafst 450.000, Soks mei net en hy soe wol wolle dat soks rjochtset wurde moast. Hy is bliid dat de plaknammen no aanst fêststeld wurde en hy hopet dan ek dat as de buorden der binne de befolking aanst ek gau went wêze sil. De heer Stallinga kin koart wêze. It útstel mei feroarings ha hja mei ûndertekene. Mei wat de hear Van der Baan seit kin hiel syn fraksje ynstemme. Hja leauwe ek dat men nei ferrin fan tiid net better mear wit en wat de enkête oanbelanget fait him op dat der in protte minsken tsjin it frysk binne, mar as jo dan witte wolle wêr't dy stimmen hinnewolle dan misse jo in hiele soad. Hy tinkt dat it in bulte minksen lead om âld izer is wat it wurde sil. Dat is net sa bést, mar wol krekt sa'n soarte reaksje as doe't it foarlein is oan de Pleatslike Belangen. Dêrby komt noch dat foar Idaarderadiel en Raarderhim al folie earder besletten is ta fryske plaknammen te kommen. Nimmen hat reagerre. It is pas wer yn'e belangstelling kaam doe't Tytsjerksteradiel itselde beslút naam. As we oan de fryske nammen wend binne oer in skoft, dan wit men op syn moaist net mear hoe't west hat. No moat de saak posityf ombûgd wurde. It wol him dan ek net oan dat de sakeman dy't goede produkten levert troch in nammeferoaring de holle net mear boppe wetter hélde kin. Mevrouw Aukes zegt dat zij tijdens de raadsvergadering in juni, waar wel degelijk een heroverweging mogelijk was, een pleidooi heeft gehouden voor tweetalige oftewel dubbeltalige plaatsnaamborden. Vervolgens om de friese namen niet in te voeren in het officiële verkeer. Dat dubbeltaligheid wel eens wordt verwisseld met tweetaligheid moet men de mensen maar niet kwalijk nemen, ook zijzelf "betiist der wolris yn". De argumenten die zij toen aanvoerde waren onder meer dat om de friese taal te bevorderen en te propageren dubbeltaligheid een betere confrontatie tussen het fries en het nederlands bewerkstelligt dan ééntalige friese borden. 0007V 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 56