-2- It ien en oar hâldt yn dat de P.v.d.A.-fraksje op dit stuit net ta moasjes en ûtspraken komme sil. Ik kom dêr op werom want op it önderwiismêd is wat bard dat der miskien al ta liedt. Wol sille yn dizze beskógings yn grutte lijnen ûs ideeën ynbrocht wurde, sadat dy by fierdere Ontwikkeling fan it kolleezjeprogram de kommende moannen meispylje kinne. Alderearst wolle wy ferwize nei de punten dy't dit jier by de wethâldersferkiezings troch C.D.A. en P.v.d.A. formulearre binne - it sûn meitsjen en ferbetterjen fan de jildlike posysje fan de gemeente. Foar dit jier binne de belestings ferhege. Der sil besocht wurde dat safolle mooglik te beheinen, mar dat mei net op kosten gean fan de kwaliteit fan de tsjinstferliening oan de boarger; - sykje nei mooglikheden om de posysje fan de legere ynkommens, benammen de minima, te fersterkjen; - Otwreiding fan de wurkgelegenheid yn lânbou en rekreaasje en óflate sektoaren besykje te befoarderjen - sûn meitsjen fan it grûnbedriuw, sprieding fan de bou en trochgean mei doarpsfernijing - in fierdere Otwurking fan de nota frede en feiligens; - fierder gean mei it miljeubelied boaiemsanearring, riolearring, weom bringen fan spuitsjen fan gif en struien fan sâlt; - Otwreidzjen fan de sosjaal - kulturele foarsjennings jongerein (personiele stipe), alderein (flankearjend belied mei personiele stipe), P.M.S.W. (rjochtsje op de wurkleazen) - sa grut mooglike iepenheid en iepenbierheid foar alle partijen yn de rie en maatskiplike organisaasjes In oantal fan dizze saken is yn it hjoeddeiske belied al yn öntjouwing, itjinge Os fraksje posityf wurdearret. Dan wolle wy oandacht freegje foar in tal spesifike problemen, saken en mooglikheden: - de bewapening en de hongersneed bliuwe de wrâld behearskjen; fanût lannen, gemeenten en boargers sil de druk om dat te feroarjen trochslachjouwend wêze foar de takomst; - de wurkgelenheid foar in elts dy't der oan dielnimme kin en wol, bliuwt weromrinnen. De gemeente moat ek har druk Otoefenje. Druk foar finansjele stipe oan it spesifike regionale belied; druk foar stipe oan de boeren dy't (ynter) nasjonaal fuorttreaun driigje te wurden; druk ek om oandacht te skinken oan de wurkleazen seis. Wy freegje it kolleezje yn dit kader spesifyk oan it wurk te gean mei de mooglikheden fan de Wet Vermeend/Moor, sadat der ekstra ynspannings komme foar minsken dy't al in hiel skoft wurkleas binne. 0004V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 5