-21- De hear Van der Baan seit dat hy de yndruk hat dat benammen de lytse doarpen der bekaaid foar weikomme en dat sit him alhiel net lekker. Der is altiten in ekstra ynspanning nédich om yn'e lytse doarpen bouwe te kinnen en de wentebouferiening hat dêryn in wichtige rol omdat dy faak it bedriuws-ekonomysk motyf hantearje. It risseltaat dêrfan is dat krekt yn de lytse dorpen dêr't it sa nédich is net boud wurdt. Wenten bets jutte nammentlik leefberheid, bern, skoallen. Just de lytse skoallen lûke hjoeddedei in swiete siele. Hja binne net allinne in sintrum foar it ûnderwiis mar ek in sintrum dêr't kultuer ûtdrûgen wurd. Dernjonken freget hy ek oandacht foar de bou fan wenten foar de âlderein. Hy hopet dat yn de kommende tiid al dizze saken meiwûgen wurde sille by it tastân kommen fan it útfieringsprogramma. Wethâlder Breeuwsma tinkt dat it yndied in goede saak is dat it mearjierrenprogramma bysteld wurdt. It is in tryste saak dat just no't der in grutte fraach is nei preemjewenten A en B der mar sa'n lyts kontingent loskomt. Hy tinkt dat der, sjoen de lege rinte, wol mear op'e frije sektor of preemje C tagien wurdt. Wat de hiersektor oanbelanget liket it net sa geunstich. Hy mient dat oant no ta besocht is it doarpeplan sa goed as mooglik is folge is. It kolleezje sil wis alle war dwaan en hat dat ek al dien, om dochs wat foar elkoar te krijgen. Yn'e wenten dy't no boud wurde yn'e bûtedoarpen komt in dûs ûnder, sadat se goed geskikt binne foar âldere minsken. Hierna wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 22. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een aanvullend krediet in verband met de stichting van de bijzondere basisschool te Irnsum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 23. Voorstel tot het vaststellen van een nieuwe kampeerverordening. Alsvoren. 24. Voorstel tot het benoemen van leden van de sporthal-zwembad- commissie te Grouw. Mefrou Faber seit dat sporthal/swimbad in wichtich plak ynnimme yn ûs gemeente. Dizze aktive kommisje docht dat ek. Har fraksje wol dêrom graach de kandidatuer stypje. Yn de takomst soe der doch ris tocht wurde moatte oan in ferromming fan artikel 2 sadat net sa eksplisyt de nammen fan de doarpen dêr't de fertsjintwurdigers wei komme moatte neamd wurde omdat mei namme it swimbad fan besjötting foar de hiele gemeente is. Hja stelt mefrou S. Zijlstra foar as kandidaat út'e rie. De hear Van der Baan bringt yn it omtinken dat de kommisje al op 29 april 1986 óf treden is. Hy freget werom as it sa lang duorre hat foar't de nije kommisje beneamd wurdt. Hoe sit dat rjochtmittich en hat dat ek konsekwinsjes Hy is it wol iens mei in ferromming fan artikel 2 om't swimbad/sporthal foar in gruttere krite bedoeld binne. 0007V 21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 66