-3- De gefolgen fan de besunigings. Dizze sille foaral liede ta better önderwiis foar de riken, ta better mezykûnderwiis foar de riken, ta in bettere âlderein-soarch foar de riken, ta ensf. Koartsein: werom nei it begjin. It is dochs te gek dat op 'e nij ien miljard besunigings op it önderwiis foar 4-jierrigen liedt ta: 1. of gruttere klassen; 2. of letter nei skoalle; 3. of dat minsken mei jild sizze, wy sykje seis wol in oplossing foar ûs bern. Foarsitterdit soarte saken giet fiersten te fier en de iennigste treast mei wêze dat hieltyd gruttere groepen binnen it C.D.A. en de V.V.D. dizze besunigings te fier gean fine, wêrtroch de regearingsmaatregels fierder önder druk komme te stean. Wy hoopje dat dit liedt ta feroaring, nammenstemear omdat der goede alternativen binne. Alternativen dy't trochrekkene binne troch it Nasjonaal Planburo en dy't net liede ta in fersterke twadieling tusken de riken en de earmen yn ûs maatskippij. En dat bringt ûs werom nei de gemeente. Want ek dêr ha sosialisten sjen litten tsjin de ferdrukking yn wurkje te kinnen oan de fersoarchingssteat - Essinsjeel dêrby is dat minsken it dwaan moatte: boargers, ferienings, wethâlders, amtners, âlderen, jongeren. Wy kinne fêststelle dat dat yn Boarnsterhim bart op ferskate méden. - De grutte iepenheid en iepenbierheid fan Boarnsterhim is unyk. Dit hat as gefolch dat der in sterke belutsenheid is by it gemeentlik barren, foar alle goede saken en foar alle foute saken. En dat jout de gemeenterie de kâns om mei de boargers saken by te stjoeren, te feroarjen of óf te wizen. - Wy hoopje mei dit iepen belied troch gean te kinnen, wêrby der - nést de besteande saken - romte is foar frouenemansipaasje, foar lykweardigens fan it Frysk, foar in kritysk miljeu- en enerzjybelied. Spesiale oandacht dêrby ferstjinnet de bondeling fan de Mavo te Grou mei de iepenbiere skoallemienskip Mavo-Lhno te Akkrum. No trochgean en net ôfwachtsje oant der in folgjende driging öntstiet Midden Fryslân kin dan mei it each op de takomst besykje it fuortset önderwiis te ferbreedzjen. Ta beslût, achte oanwêzigen, is der op'e nij diskusje oer it personiel. Dat freget nochal wat fan de minsken. Krekt in weryndieling achter de rêch en no is men al wer dwaande 0004V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 6