-8- Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 13. Voorstel en aanvullend voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van bodemonderzoek gesubsidieerde woningbouw. De hear Nieuwdam seit dat syn fraksje derachter stiet om te soargjen dat it ferantwurde is te bouwen op grön dy't dêrfoar bestimd is. Hy freget op grûn wêrfan de lokaasje Tsjerkebuorren meinommen wurdt Hy soe graach sjen dat as bliken docht dat it ûndersyk ek op in alternative wize plakfine kin dat dat earst yn'e ôfdieling bepraat wurdt. Wethâlder Breeuwsma seit dat yn it went eboup rog ramma 1987 ek subsidiearre wentebou oan'e Tsjerkebuorren opnommen is. Foar't dat bard moat de grön öndersocht wurde. Mochten der alternativen wêze dan sille dy uteraard yn'e fjirde ôfdieling bepraat wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 14. Voorstel tot het vaststellen van een voorbereidingsbesluit op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. De hear Nieuwdam seit dat dit ûtstel it gefolch is fan in ferliende boufergunning. It is net syn yntinsje om foar alle tariedingsbesluten sa'n wiidweidige beskôging te jaan, mar dit ûtstel jout der wol oanlieding ta. Dan no de gronologyske folchoarder Yn 1986 wurdt begön mei de bou fan in garaazje fan beheinde hichte. De bouw wurdt stillein as de fergunninghâlder de garaazje op in heger plan bouwe wol. As der dan letter in fergunning ferliend wurdt foar in garaazje mei in hichte fan 3,75 m, dan gean der wol wat lampkes brânen. It lampke by it haadstik "dúdlikheid nei de boarger ta" brânt noch hyltiten. It grutste part fan syn fraksje giet net akkoart mei it ûtstel omt it mooglik wêze moat earst de ûndúdlikheden dy't der libje ût'e wei te romjen. Wethâlder Breeuwsma seit dat it in saak mei in skiednis oanbelanget. De twadde bouwoanfraach mei in heger dak is ek troch de skientmekommisje goedkkard. It is sa dat yn dat gebiet frij wat puntdakken foarkomme. It kolleezje kin dan slim fine dat dat yn dit gefal nei mei. Hy is it wol mei de hear Nieuwdam iens dat de gong fan saken yn dizze skiednis net in skientmepriis fertsj innet De hear Nieuwdam seit dat de ûndûdlikheid foaral leit yn it feit dat de minsken dy't beswier meitsje as der net neffens de foarskriften boud wurdt, beleanne wurde mei in ferheging fan de bouhichte dy't likernoch twa kear sa heech is. Dat de skientmekommisje it bouwurk wol goedkkard seit him dêrby net safolle, omt ek it eardere bouwurk de ynstimmig fan'e kommisje krige. Mevrouw Aukes vindt dat de P.v.d.A-fractie onduidelijkheid in de hand werkt. Zij heeft begrepen dat het voorstel vorige maand door het college is teruggenomen, later hoorde zij dat er onduidelijkheid in de fractie was. 0002V 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 10