-10- 17. Voorstel tot vaststelling van de exploitatie-opzet behorende bij het bestemmingsplan Irnsum, Zuid I en II. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 18. Voorstel tot vaststelling van de exploitatie-opzet behorende bij het bestemmingsplan Rauwerd-West. Alsvoren. 19. Voorstel tot verdaging van de beslissing op een beroepschrift tegen het weigeren van een bouwvergunning. Alsvoren. 20. Voorstel inzake een verzoek van het Dorpshuis Warga voor een bijdrage in energiebeperkende maatregelen. Alsvoren. 21Voorstel tot fusie van de gasbedrijven Zuid-Oost Friesland. De hear G. Bouma set dat de foarsitter fan'e ôfdieling de leden altiid goed op'e hichte hâlden hat fan de ûntjouwingen. Syn fraksje sit lykwols wol yn noed oer dizze öntjouwingen, om't it in ûnt jouwing is dy't wy net keazen hawwe en dêr't wy wol akkoart mei gean moatte om't Den Haach it ûs opleit. It gasbedriuw op De Gerdyk rint ommers goed, wêrom soe dat dan feroare wurde moatte. Hy tinkt dat dat is om't Den Haach graach hapkleare enerzjybrokken hawwe wol dy't makliker te hantearjen binne yn ferbân mei de opwekking fan kearnenerzjy. Op dit stuit moat de ôfwaging makke wurde of't we yn'e fösje stappe moatte. As we foar de ein fan it jier gjin beslissing nommen hawwe, wurdt der bûten ús om besletten en dat moat wis net. It úteinlike doel fan it regear is de horizontale yntegraasje. De gasbedsriuwen binne no behoarlik desintralisearre, de elektrisiteit wurdt provinsjaal distribuearre. Syn fraksje sprekt him öt foar ek in desintralisaasje fan de levering fan elektrisiteit en docht dat no alhoewol't der net om frege is om't hja fine dat de elektrisiteitsbedriuwen de oplossing dy't keazen wurdt foar de gasbedriuwen oernimme moatte. Dan komt der nammentlik in oersichteklike organisaasje dy't sawol gas as elektrisiteit levert en dy't yn him hat om op lyts nivo projekten oangeande alternatieve enerzjy op te pakken. It is dan in foardiel, dat gas en elektrisiteit yntegrearre binne. Wat struktuer en behear oanbelanget moat de gemeentlike ynfloed sa folie as mooglik garandearre wêze en dêrfoar is in mienskiplike regeling de béste rjochtsfoarm. De fûsje tusken de gasbedriuwen sil grutte gefolgen hawwe foar it personiel. Hy fielt him wol sterke troch de notysje fan de MC fan it gasbedriuw dy't hy yn al syn hear en fear stypje wol. Dan de ynfloed fan Boarnsterhim. De notysje fan de MC leit bleat dat Boarnsterhim en Eaststellingwerf net fertsjinwurdige binne by de yntegraasjepetearen. Mar Boarnsterhim hat wol in miening oer in oantal saken. De fraach of't dy miening wol goed nei foaren komt is dan ek terjochte. Hy freget dan ek op hokker wize de miening fan ûs gemeente nei foaren brocht wurdt as wurde sil. 0002V 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 12