-12- Tot 1 oktober kan er alleen maar voorbereidend werk gedaan worden. Daarna moet het gasbedrijf van Boarnsterhim wel een plaats krijgen in de commissie die de fusieplannen verder gaat uitwerken. De heer G. Bouma stelt fêst dat der no troch de rie al in útspraak dient wurdt dy eins pas nei 1 oktober relevant wurdt. Hy is bliid mei de tasizzing dat it plak van Boarnsterhim yn elts gefal prosedureel goed regele wurde sil. Hy hat noch net léze kind dat de MC kiest foar in N.V. Men wol graach belutsen wurde by it meitsjen fan in kar. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 22. Voorstel tot vaststelling van een verordening ter uitvoering van de artikelen 31 en 43 van de Wet inkomensvoorziening oudere en gedeeltelijk arbeidsongeschikte werkloze werknemers (l.O.A.W.). Mefrou Faber seit dat dit útstel oanlieding jout te sizzen dat de stelselferoaring dan wol bedoeld wie om alles ienfâldiger te regel jen mar dat it tsjinoerstelde wier is. Yn guon gefallen moat men nei mear ynstansjes ta om te krijen dêr't men rjocht op hat. Ek sjocht in oantal minsken harren ynkomen tebekrinnen mei soms 1.000, Ut ynformaasje wit hja dat der yn Ljouwert wol sa'n 25 fan sokke skrinende gefallen binne. Hja freget of't dat yn ûs gemeente ek foarkomt. Yn Opsterlân besiket men om in ienjierrige oerbrêging fia de Bystânswet mooglik te meitsjen foar minsken fan wa it ynkommen mear as 250,de moanne tebekrint. It liket har goed dêr ris yn'e twadde Ôfdieling fan maart oer te praten. Wethouder Poppen wil wel toezeggen dat dat op korte termijn op de agenda zal worden geplaatst. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 23. Utstel om in ekstra kredyt út te lûken foar it oantûgjen fan in muorrerek E. Halbertsmaskoalle. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt neffens it útstel besletten. 24. Utstel om meiwurking te ferlienen oan fersyk P.C.-skoalle Akkrum foar reparaasje C.V.-ynstallaasje. Lykas niis neamd. 25. Voorstel tot het verstrekken van herziene subsidies in het kader van het projekt Jongeren bouwen voor Jongeren. Mefrou A. Zijlstra fynt dit projekt in goede saak. Yn'e tredde Ôfdieling binne de problemen dy't der yn Warten binne besprutsen. It fernuvert har dat der no krekt in brief út Warten kaam is. Ut it brief kin hja opmeitsje dat de betizings mooglik út it dreech te lézen stik fuortkomme. Hja hat noch inkelde fragen. Hoe komt it mei de boekwearde dy't wol yn it utstel fan juny stie en no net. Op hokker termyn sil der boud wurde en binne der tuskentiidse oplossings mooglik want leechstân is net sa goed. Komt dêr oer dit alles ek oerlis mei de minsken út Warten. 0002V 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 14