Imm GEMEENTE BOARNSTERHIM 23. Utstel om kredyt beskikber te stellen foar learmiddels iepenbiere basisskoalle Raerd. Oan de gemeenterie Grou, 6 maart 1987 Fan de direkteur fan de iepenbiere basisskoalle Raerd hawwe wy it fersyk krigen om in kredyt beskikber te stellen foar it oantûgjen fan learmiddels foar de groepen fiif en seis. Benammen yn de önderbou ha noch nea earder safolle learlingen sitten as de léste jierren. Dêrfandinne dat yn april 1985 (riedsbeslút 16 april 1985) in kredyt beskikber steld is foar it oantúgjen fan learmiddels foar de groepen trije en fjouwer. De oanwêzige learmiddels foar eltse groep wiene berekkene op sa'n 12 bern. Dat oantal skommelt no run de tweintich bern foar eltse groep yn de önderbou. It giet hjir net sasear om in insidint, ek de groepen dêrnei binne grutter as sljochtwei hinne. De gruttere groep(en) fan 1985 komt takommend skoaljier yn it fiifde en dêrnei sechsde learjier. Fandêr dat der no fersocht wurdt om jildmiddels foar ütwreiding fan de learmiddels foar de groepen fiif en seis. It fersyk mei in list fan learmiddels dy't nedich binne leit foar jim by de stikken op besjen. Wy binne fan betinken, dat it oantal atlassen foar beide groepen beheind wurde kin ta 7 eksimplaren en dat de materialen foar mienskiplik gebruk foar handenarbeid/tekstile wurkfoarmen ferfalle kinne. Atlassen binne net sasear oan ien nivo bön, ûtwikseling is derom wol mooglik. It oantal skjirren liket ûs ek wat al te rynsk en foar ferbrûkmateraal wurdt gjin ekstra kredyt ûtlutsen. Ien en oar is mei de direksje fan de skoalle bepraat. It oare materiaal dat frege wurdt liket ûs wol reedlik ta, sadat wy jimme útstelle om in kredyt fan 4.100,de b.t.w. dêryn beflapt beskikber te stellen. Dat bedrach kin betelle wurde út it saneamde "kalamiteitenföns", in reserve dêr't ek ferfanging/fernijing en ûnderhâld wol út betelle wurdt. It is nammentlik sa, dat der gjin ryksfergoeding krigen wurdt wannear't it giet om ütwreiding mei in pear learlingen. Der wurdt dan gjin fergoeding foar earste ynrjochting önderwiislearpakket jön. Yn it programma fan easken 1987, wurdt troch it ministearje tasein om yn'e rin fan 1987 foar dit soarte saken mein in oplossing te kommen. Mooglik dat wy dér wat oan hawwe, út finansjeel eachpunt besjoen. Wy sille dat wannear't it safier is - neigean. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0009V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 43