GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar in sinneskerm oan de eastkant fan it haadgebou fan de Master Wielsmaskoalle. Oan de gemeenterie. Grou, 6 maart 1987. Fan de direkteur fan de Master Wielsmaskoalle yn Grou hawwe wy it fersyk krigen, om in sinneskerm oan te bringen - bringe te litten oan de eastkant fan it haadgebou oan de Dr. Schoustrastrj itte 3. Wannear't moarns de sinne skynt is dêr hast net te ferkearen. Sadwaande hat ûs tsjinst gemeentewurken de saak ris opnommen en de konklúz je wie dat it winslik is dat der op koarte termyn in sinneskerm oanbrocht wurdt, benammen om't der yn it lokaal dêr t it om giet ek gjin oergerdinen binne. Mei it oantûgjen fan in sinneskerm is in bedrach fan 1.800, (de b.t.w. dêryn net beflapt) muoit, wat betelle wurde kin út de resérve, dy't ûnder oaren ornearre is foar "technysk ûnderhâld". De gemeente krijt dêrfoar fan it ryk in jierlikse noarmfergoeding. Wy stelle jim dêrom út om in kredyt út te loeken fan 1.800, (eksklusief b.t.w.) foar it oantûgjen fan in sinneskerm foar de Master Wielsmaskoalle yn Grou. It advys fan de tsjinst gemeentewurken en it fersyk fan de direkteur fan de Master Wielsmaskoalle leit foar jim by de stikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0001V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 44