-3- c. De haadôfdielingen, sa as oanjûn, lykje har wol goed. Fjouwer ynsté fan de sân dy't der no binne. De M.Z.C. hat muoite mei de namme "direkteur" foar it haad fan in ôfdieling. Dat is neffens har net sa wichtich, want "what's in a name?". Breed en lang is der diskussearre oer de stafôfdielingen. Wat de stafôfdieling P. en 0. oanbelanget is hja fan betinken dat dy der is as in stipe foar de haadôfdielingen, dy't dan wol behoarlik selsstannich wêze moatte yn harren eigen personielsbelied. Derom hie hja ek wol muoite mei it kolleezje-ütstel om in aparte stafôfdieling P. en 0. te meitsjen, ütgeande fan sa'n 150 personielsleden en de selsstannichheid fan de haadôfdielingen. Hja freget wat it plak wêze sil fan de chef fan P. en 0. yn it managementteam. Ek oer it plak fan de siktaris fan de b. en b.-kommisje is wiidweidich praat wurden. Hja is fan betinken dat net in aparte stafôfdieling hjirfoar nedich is, sjoen dat in sa lyts mooglik oantal ôfdielingen wêze moat en omt de siktaris neist syn wurk foar de b. en b.-kommisje ek noch oar wurk docht. Hja soe it ferstannich fine as foar it wurk fan de siktaris in aparte bestjoersopdracht jOn wurdt dêr't de ûnôfhinklikens en de selsstannige posysje troch garandearre wurde. Ek de ombudsfunksje kin foar ynstien wurde as der in direkte line fan ferantwurd1ikhe id fan siktaris b. en b.-kommisje nei gemeentesiktaris rint. d. Hja freget it kolleezje om it personiel hiel goed te belöken by de útwurking en ynfolling fan de fêststelde struktuer. Hja freget hoe as it komt by de beneaming fan de direkteuren fan de haadôfdielingen. Hja seach graach dat dêrfoar in proseduere fêststeld wurde soe. Hja freget ek omtinken foar de posysje fan froulju as it giet om de funksje fan direkteur as sjef. e. Wol it hiele gemeentebestjoer better funksjonearje dan sil der oan alle kanten ferbettering komme moatte. Op syn minst sa wichtich as de reorganisaasje fan it amtlik apparaat is it foar kolleezje en rie om de skuld by jinsels te sykjen. It muoit har dan ek dat net tagelyk mei de reorganisaasjeplannen it ferbetteringsfoarstel fan it bestjoersapparaat op tafel lein wurdt. As it kin moat der sa gau mooglik mei begön wurde. Us ynwenners hawwe rjocht op in sa goed mooglik einprodukt, dêr giet it om. Saakkundigheid, motevearre wurkjen, elkoar betrouwe en elkoars wurk wurdearje, dat binne dingen dy't dêr oan meihelpe. Dat jildt foar it personiel mar like goed foar de bestjoerders De hear Stallinga seit dat al yn novimber 1984 in analyse makke is fan de knyppunten. Dat is likernoch twa en in heal jier lyn. It HAS-rapport die dat nochris yn april 1986, al wer hast in jier lyn. Hy freget it kolleezje wat dy dien hat yn dy twa en in fearnsjier om de knyppunten by rie en kolleezje wei te nimmen. It is him opfallen, dat it kolleezje omtrint it hiele HAS-rapport oernommen hat, ûtsein de posysje fan de siktaris fan de b. en b.-kommisje. 0002V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 5