-4- Hy sitearret it HAS-rapportEen andere, bijzondere positie wordt ingenomen door de ambtelijke secretaris van de commissie b. en b. De volgens de gemeentelijke verordening aan de commissie opgedragen taak en de gegeven procedureregels geven weliswaar de commissie een adviestaak, doch het inhoud geven aan deze taak is een autonome bezigheid van de commissie. De commissie werkt ook voor alle bestuurorganen in de gemeente. Bovendien is de taak van de commissie een bijzondere. De commissie fungeert als platform van heroverweging van eerder door de bestuursorganen op basis van het door ambtelijk apparaat gegevn advies en voorstel genomen beslissingen. In dat kader is het van belang dat de onafhankelijkheid van de secretaris van de commissie in organisatorisch opzicht wordt benadrukt. Dat betekent dat de secretaris handelt onder verantwoordelijkheid van de commissie en niet van een chef". Ek oer it advys fan de M.Z.C. wurdt neat mear fernommen. Dy skriuwe dat de sitewaasje foar de siktaris fan de b. en b.-kommisje net feroarje moat. Ut wat hjirfoar sein is mei de konkluzje lutsen wurde dat de siktaris b. en b. in ûnôfhinklike posysje ynnimt. It is dan ek frjemd konstatearje te moatten dat der gjin plak foar de kommisje b. en b. yn it organisaasjeskema is. Neffens it grutste part fan syn fraksje moat it plak fan de siktaris b. en b. opnommen wurde yn de organisaasjestruktuer yn haadlinen, ûnder oare omt de kommisje wurket as adviseur fan de bestjoersorganen. Der moat in stafplak b. en b. oanheakke wurde tusken de line: rie en kolleezje mei dernjonken noch in hiërarchyske line nei de gemeentesiktaris Nei oanlieding fan de antwurdnota G.0. en M.Z.C. seit hy it folgjende. Fraach 1 Hy is fan betinken dat der al yn 1984 praat wurde kind hie mei de amtners en net allinne mei de haden. Fraach 2: De minsken binne te let op'e hichte brocht oer it werom fan de reorganisaasje. Fraach 10: It hie it kolleezje net misstien as der in ekstern saakkundige oanlûutsen wie, sjoen de grutte fan ús gemeente. Fraach 13: As hy sjocht dat der yn it antwurd stiet dat de nije namme fan "direkteur" in middel is om oan te jaan dat men in oare taak krijt, dan freget hy him Óf wêr't men mei dwaande is. It binne deselde minsken as no en dy sille troch in oare beneaming net feroarje. As de namme wêzenlik is foar de organisaasje dan sjocht hy der in grut gat yn. De direkteuren moatten, sa tinkt hy, beneamd wurde troch de rie. De ôfdieling P. en 0. wurdt in stafófdieling. It G.0. hat him der faor ötsprötsen, mar seis hat hy dêr syn twifels oer. Dan de beslispunten. Mei de punten a. en b. kin hy ynstimme. c. giet hy net akkoart mei, sjoen de opmerkingen oer de kommisje b. en b. Dêrtroch is ek d. net akseptabel. Wat e. oanbelanget kin hy ynstimme mei itjinge mefrou Faber dêroer sein hat. 0002V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1987 | | pagina 6